Rie fan Steat seit goed foar grutskalige gaswinning yn Fryslân, Grinslân en Drinte

jannewaris 26, 2022 13:00

It plan fan de NAM om te gaswinnen út alve gasfjilden yn Drinte, Fryslân en Grinslân is goedkard troch de Rie fan Steat. Gemeenterieden fan ferskate gemeenten, de wurkgroep Stop Gaswinning Marsdijk Nu en de stichting Natuur en Milieufederatie Drenthe hiene beswieren tsjin yntsjinne, mei as doel it plan tsjin te hâlden.

It plan wie earst net foldwaande ûnderboud. Yn in tuskenútspraak yn desimber 2020 krige doedestiids minister Eric Wiebes fan ekonomyske saken en klimaat de opdracht om de ûntbrekkende stikken yn it plan dochs noch ta te heakjen en ûnderdielen better te motivearjen.

It beslút om gas te winnen yn alve gasfjilden is no better motivearre, oardiele de Rie fan Steat. Dêrneist hat de minister foarskriften oanpast by it gaswinningsplan. Dêrtroch is no ûnder mear fêstlein dat in saakkundige partij yn in jier tiid de gebouwen yn de omkriten fan de gasfjilden ûndersykje sil. Dat moat in byld jaan fan gebouwen dy ‘t gefoelich wêze kinne foar mooglike boaiembewegings, feroarsake troch de gaswinning.

De Wurkgroep Stop Gaswinning Marsdijk NU, de kolleezjes fan boargemaster en wethâlders fan ûndermear Eaststellingwerf en Weststellingwerf, en in ynwenner fan Drinte hawwe te witten dien dat it oanpaste plan harren ek net noasket.

Boarne: Omrop Fryslân

jannewaris 26, 2022 13:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.