Reagearje op it nije nasjonale lânbouplan
Resint ferskynd
It Europeeske Mienskiplike Lânboubelied (GLB) wurdt hieltyd konkreter. Elke lidsteat fan de Europeeske Uny is ferplichte om op basis fan dit GLB in Nasjonaal Strategysk Plan (NSP) op te stellen foar de perioade 2023-2027. Nederlân hat ein desimber in konsept foar dat NSP yntsjinne by de Europeeske Kommisje. Der is ek in Strategysk Miljeu-effektrapport (S-MER) opsteld. De oanbelangjende dokuminten kinne ynsjoen wurde. Elkenien kin oant 1 febrewaris 2022 reagearje op de S-MER en de gearfetting fan it NSP.

Foto: pixabay.com
Stimulâns foar boeren
Yn it NSP wol Nederlân it natuerynklusyf buorkjen better beleanje. It nije belied rjochtet him op it stypjen fan boeren dy ‘t derfoar kieze om harren bedriuw fierder te ferduorsumjen en te fernijen. Oer de hiele perioade fan fiif jier is yn totaal sa ‘n 4,7 miljard euro beskikber. In soad fan dat jild wurdt bestege oan it stypjen fan boeren dy’t ynnovearje, fernije en bydrage oan doelen foar bioferskaat, klimaat, boaiem, wetter en loft. De meast yn it each springende feroaring is it ynsetten op de eko-regeling. Boeren kinne eko-aktiviteiten kieze dy’t se tapasse wolle op harren bedriuw en krije dêrfoar in fergoeding.
Sjenswize yntsjinje foar 1 febrewaris 2022
It S-MER en it NSP binne ein desimber yntsjinne by de Europeeske Kommisje en kinne ynsjoen wurde. Niget- en belanghawwers kinne in sjenswize yntsjinje. Dat kin oant 1 febrewaris 2022 fia www.toekomstglb.nl/het-nsp-in-opbouw/s-mer-en-nsp-ter-inzage.
Mear ynformaasje
Nigethawwers kinne de oanbelangjende dokuminten en mear ynformaasje oer it Mienskiplik Lânbou Belied (GLB) weromfine fia de neikommende links:
- Strategisch Milieueffect Rapport (S-MER): www.toekomstglb.nl/het-nsp-in-opbouw/documenten/rapporten/2021/12/22/concept-strategisch-milieueffectrapport-glb-nsp;
- Samenvatting Nationaal Strategisch Plan (NSP): www.toekomstglb.nl/het-nsp-in-opbouw/documenten/publicaties/2021/12/03/concept-nationaal-strategisch-plan;
- Gemeenschappelijk Landbouwbeleid (GLB): www.toekomstglb.nl/over-glb.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje