Raket SpaceX botst meikoarten op ’e moanne

jannewaris 26, 2022 11:23

In raket fan SpaceX leit op koers om nei sân jier yn ’e romte op ’e moanne te botsen. Neffens saakkundigen bart dat earne yn ’e kommende wiken. Foar safier bekend is it de earste kear dat romtepún net-pland op de moanne telâne komt.

Foto: Wikipedia/SpaceX – publyk domein

SpaceX lansearre syn earste ynterplenêre missy hast sân jier lyn. Yn 2015 waard de raket út Floarida wei lansearre om in romtesatellyt djip de romte yn te bringen. De missy wie suksesfol; de satellyt begûn nei de lansearring oan syn reis nei likernôch ien miljoen kilometer fan de ierde.

De Falcon 9-raket dy’t de satellyt lansearre, wie op dat stuit fier foarby de moanne. Brânje om werom te gean wie der net mear en de raket hie ek “net de enerzjy om oan de swiertekrêft fan it ierde-moannesysteem te ûntkommen”, leit metereoloog Eric Berger út yn in resint berjocht op Ars Technica. “Dat de raket folget sûnt febrewaris 2015 in wat gaoatyske baan”, seit Berger. Koartlyn is dúdlik wurden dat er de moanne reitsje sil.

Om’t it objekt draait, is it dreech om krekt te foarsizzen wat de effekten binne fan it sinneljocht dat de raket ‘triuwt’. Dêrtroch kinne feroaringen yn ’e baan fan de raket optrede. Bill Gray skriuwt software om objekten lykas asteroïden, lytse planeten en kometen te folgejn dy’t yn ’e omkrite fan de ierde binne. Hy skriuwt yn in resint blochberjocht dat de ûnfoarsisbere effekten tige lyts binne. En dat de raket op 5 jannewaris deunby de moanne fleach en mooglik op 4 maart in ympakt hawwe sil.

Foar wittenskippers is it wichtich om te witten wannear’t de raket krekt op ’e moanne botst, sadat se it effekt dêrfan monitoarje kinne. It is nei alle gedachten de earste kear dat in stik romtepún ûnbedoeld de moanne rekket. Meastal wurde raketten dy’t sa djip de romte yngeane, nei harren missy yn in baan om ’e sinne stjoerd. Dêrtroch bliuwe se by de ierde en moanne wei.

jannewaris 26, 2022 11:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.