Provinsje stelt yn 2022 wer subsydzje beskikber yn it IMF

jannewaris 3, 2022 08:39

De provinsje Fryslân stelt yn 2022 wer subsydzje beskikber yn it Iepen Mienskipsfûns. In fûns om inisjativen fan ynwenners yn Fryslân fierder te helpen. Projekten dy’t bydrage oan de leefberens fan in wyk, doarp of eilân kinne foar subsydzje yn ’e beneaming komme. Subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns wurdt mei help fan in tendersysteem ûnder de oanfregers ferparte.

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

Iepenstellingen yn 2022:

  • 10 jannewaris oant en mei 3 febrewaris (oant 17.00 oere);
  • 11 april oant en mei 12 maaie (oant 17.00 oere);
  • 12 septimber oant en mei 6 oktober (oant 17.00 oere).

Fan idee oant subsydzje-oanfraach 
Om ynsicht te krijen oft in projektidee foar subsydzje yn ’e beneaming komt, biedt de provinsje inisjatyfnimmers de mooglikheid om in projektidee mei de projektadviseur fan Streekwurk yn de regio ôf te stimmen. Mei-inoar wurdt besjoen oft in idee foar subsydzje yn ‘e beneaming komt. Nei oanmelding fan in idee nimt it projektburo binnen in pear wurkdagen kontakt mei de yntsjinners op. Men kin by it projektburo ek telâne foar advys oer it opstellen fan it projektplan en alle fragen oer it oanfreegjen fan de subsydzje.

Sjoch foar de betingsten en it oanfraachformulier op de webside fan de Provinsje Fryslân. Tink derom: Lytse maatskiplike inisjativen (< € 10.000) en eveneminten yn de regio Súdwest Fryslân tsjinje de oanfraach by de gemeente Súdwest-Fryslân of de gemeente De Fryske Marren yn.

jannewaris 3, 2022 08:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.