Protte Noard-Frysk te hearren yn nije film ‘Der Krug an der Wiedau’

jannewaris 4, 2022 16:18
Efterfolging op ‘e seedyk, sêne út ‘Der Krug an der Wiedau’

Der Krug an der Wiedau is in film oer it oplossen fan in moard. Hy gie ferline wike yn premjêre en is de kommende tiid yn ferskate bioskopen yn it noarden fan Dútslân te sjen.

It ferhaal spilet op de grins fan Dútslân en Denemarken, om presys te wêzen: op in eilantsje dat by net ien fan beide lannen blykt te hearren. Hoe’t dy ûndúdlike status ûntstien is en hoe’t er te krijen hat mei de moard op in jonge plysje, wurdt yn de rin fan ‘e film stadichoan dúdlik.

It bysûndere fan de film is dat der fiif talen yn praat wurde. De plysje fan Dútslân en Denemarken praat de lânstaal, de gealju prate de Noard-Fryske dialekten Mooring en Fering, en fierder Platdútsk en Súd-Jutsk. Alle minsken kinne inoar ferstean, op de Dútske plysje nei. Foar him wolle de minsken harren noch wolris ferbrekke – efkes dan, it moat net te lang duorje. De segrinige Dútske plysje, dy’t neat foarinoar kriget, tefolle sûpt en allegeduerigen omrint yn klean dy’t smoarch binne fan gegriem mei iten, is mei syn ientaligens dan ek wat de anty-held fan de film. Syn froulike kollega út Denemarken stiet der better op: dy komt út de grinsstreek, is meartalich en begrypt hoe’t se mei de pleatslike befolking omgean moat.

Dat de film net fij is fan wat stereotypen, wurdt fuortendaliks dúdlik. De grinsbewenners hawwe harren eigen slûchslimme boerelogika, moatte net folle fan arrogante stedsjers hawwe, spuie der net yn en wurde nearne oars fan. De drûge manier fan dwaan fan ‘e minsken en de kulturele botsing mei de Dútske plysje jouwe de film in komysk tintsje.

Foar wa’t net alle talen fan de grinsregio fan Dútslân en Denemarken begripe kin, wurdt de film yn it Dútsk en Deensk ûndertitele.

De film is regissearre troch de Noard-Fries Gary Funck, dy’t ek it skript skreaun hat. De namme en in part fan de personaazjes binne deselde as fan in harkspul dat al jierren op ‘e Noard-Fryske radio te hearren is. Funck is de ôfrûne jierren bekend wurden as teatermakker. Trochdat de teaters yn ‘e koroanatiid ticht wiene, socht er om in oar projekt en dat is de film wurden. Foar de rollen hat er njonken in pear profesjonele akteurs ek amateurs út de teaterwrâld frege. Foar de produksje wurke er gear mei in Dútske organisaasje yn Denemarken.

jannewaris 4, 2022 16:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.