Protte jongelju yn regio Sealterlân

jannewaris 15, 2022 13:55
Boarne: Morguefile.com

It Frysktalige Sealterlân heart by ien fan de jongste regio’s fan Dútslân, de Kreis Kloppenburch. Dy stiet op it fjirde plak fan alle 401 Dútske Kreise. Yn de dielsteat Nedersaksen stiet Kloppenburch sels hielendal boppeoan.

De befolking fan Kloppenburch is yn trochsneed 41 jier âld. De Kreis hat it grutste oanpart minsken ûnder de tweintich fan de folsleine dielsteat Nedersaksen.

De jongste Kreis fan Dútslân is de universiteitsstêd Heidelberch yn de dielsteat Baden-Württemberg, mei in trochsneedleeftyd fan 40,7 jier. Heidelberch is dêrmei noch wol in stik âlder as de stêd Grins: dêr is de trochsneedleeftyd 36,4 jier. Grins is dan ek de stêd mei de jongste befolking fan Nederlân.

jannewaris 15, 2022 13:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.