Premjêre teäterkonsert ‘Baas giele taksy’ yn De Harmonie
Resint ferskynd

Ofbylding: Anne Feddema
Op 28 jannewaris wurdt de premjêre fan it teäterkonsert Baas giele taksy fierd yn De Harmonie yn Ljouwert. Dat fansels, as de tichtplicht op 14 jannewaris foarby is.
It repertoire fan Joni Mitchell yn Fryske oersettingen fan dichter Eppie Dam wurdt songen troch Inez Timmer, mei begelieding fan in band. Foar it earst wurdt it wurk fan in froulike sjonger/ferskesskriuwer yn it Frysk brocht. En watfoar Frysk! Stik foar stik poëtyske juwieltsjes, treflik songen en spile en op cd set.
De cd Baas giele taksy ferskynt ek op 28 jannewaris. De hoes is skildere troch de Ljouwerter keunstner Anne Feddema.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje