Premjêre ‘Baas giele taksy’ útsteld nei oktober
Resint ferskynd
Troch alle ûnwissens bliek 28 jannewaris foar de ploech fan Baas giele taksy as premjêredatum net te heljen. It stik wurdt no oer de simmer hinne tild. De premjêre sil no op 7 oktober 2022 yn De Harmonie yn Ljouwert wêze.

Repetysjes foar ‘Baas giele taksy’ (boarne: Inez Timmer)
Joni Mitchell, wrâldferneamde sjonger-ferskesskriuwer, skilderesse, eigensinnige en geniale frou. Yntins en hertstochtlik. Berucht om har bokkigens en ôfstanlikheid. Har eigen paad banend, by need mei in hakmes. Har komposysjes drage har sjongteksten, dy’t as in deiboek har libben bekommentariearje. As de muzyk weilitten wurdt, bliuwt der suvere poëzij oer. En no foar it earst yn it Frysk te hearren.
Baas giele taksy is in unyk teaterkonsert. De band wurdt foarme troch: Richard Veltman, Jan van Olffen, Ytzen Peterson, Paul Horjus en Willem Pen. Eftergrûnsang: Yldau Bijlsma, Cindy Mason, Jetze Koster en Reinout Weima. Eppie Dam makke oersettingen fan it wurk fan Joni Mitchell en Inez Timmer dûkt sjongend yn Joni har libben. De sjongteksten binne yn it Frysk, it ferhaal is yn it Nederlânsk.
Sjoch ek op: www.baasgieletaksy.nl. Foar ynfo, boekingen en de cd fan Baas giele taksy, mail nei: info@ineztimmer.de.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje