Praatferbod foar dielnimmers The Voice of Holland
Resint ferskynd

The Voice of Holland is in talintejacht op ‘e Nederlânske telefyzje. It programma kaam de lêste tiid yn it nijs troch berjochten dat meiwurkers ûnfetsoenlike dingen tsjin froulike kandidaten sein hawwe soene.
Hjoed waard buorkundich dat guon fan harren dêr net oer prate doarsten, mei’t it produksjebedriuw ITV, dat it programma makket, alle dielnimmers in kontrakt ûnderskriuwe litten hat mei dêryn in praatferbod. Neffens it kontrakt moatte dielnimmers tsientûzen euro oan ITV betelje as hja mei oaren prate oer wat der by de opnamen bart.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje