Piet Paulusma riddere
Resint ferskynd

Foto: © Jacob van Essen/persbureau Hoge Noorden
Waarman Piet Paulusma út Harns is freed 21 jannewaris beneamd ta Ridder yn ’e Oarder fan Oranje Nassau. De fersiersels dy’t dêrby hearre krige er yn de Steateseal fan it Provinsjehûs útrikt troch kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok en boargemaster C.M. Sjerps fan gemeente Harns.
Piet Paulusma presintearret sûnt 1985 de deistige waarberjochten foar Omrop Fryslân. Noch folle bekender waard er doe’t er ek – op syn eigen orizjinele wize – it waar op de lanlike telefyzje foarsei. Dêrnjonken is er waarkundich adviseur fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden en set er him sûnder eigen belang foar goede doelen yn.
Mei syn ‘Oant moarn’ mei er in echte ambasadeur foar Fryslân en de Fryske taal neamd wurde, sei de kommissaris yn syn taspraak. De boargemaster fan Harns is der wiis mei dat Paulusma in belangrike bydrage leveret oan de útstrieling fan de stêd Harns.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje