Pier Bergsma: De lokrop fan it ferline

jannewaris 6, 2022 16:26

Staasjefoto Donald Trump.
Boarne: Wikimedia Commons. Publyk domein

In jier lyn, op 6 jannewaris 2021, seach de wrâld mei ferbjustering wat der yn Amearika barde: in kliber healwizen dy’t it Capitool bestoarme om Trump oan de macht te hâlden. It like de ein te wêzen fan de demokrasy yn Amearika. Om te begjinnen jou ik twa ferneamde tinkers it wurd oer de gefaren dy’t de demokrasy bedriigje.

De Spaanske filosoof, skriuwer en sjoernalist José Ortega y Gasset (1883-1955) skreau yn de ein tweintiger jierren in tal krityske deiblêdartikels oer wat hy seach as in bedriging fan de demokrasy, nammentlik dat minsken har meislepe litte troch sterke lieders. Yn 1930 kamen de artikels út as boek La rebellión de las masas. Yn 1933 yn Nederlân as De opstand der horden. Yn 2015 kaam der in nije oersetting De Opstand van de massamens.

Foardat ik it boek lêzen hie, tocht ik dat it gean soe oer ‘massa-minsken’ dy’t yn opstân komme. Mar it betsjut it tsjinoerstelde: der ûntstean ‘massaminsken’ dy’t alles leauwe wat in oar seit, sûnder kritysk te wêzen. It is dêrom yn ús tiid fan ‘fake news’ in aktueel boek. Doe’t ik dy oanhingers fan Trump razen hearde, tocht ik dat ‘De opstand der horden’ dochs in bettere titel west hawwe soe.

Yn 2014 kaam der in folslein Nederlânsktalige útjefte fan De la démocratie en Amérique, foar it earst yn Frankryk útjûn yn 1835 en 1840. It wie Alexis de Tocqueville dy’t nei syn reis troch Amearika demokrasy as de iennige takomstige foarm fan regearing seach. Tagelyk warskôge er foar de swakkens derfan troch de tiranny fan de mearderheid.

Syn twadde warskôging gie oer de lju dy’t lieding jaan moatte oan de demokrasy, de politisy: “Heel wat mensen in Europa geloven zonder het te zeggen of zeggen zonder het te geloven dat een van de grote voordelen van het algemeen kiesrecht is dat de leiding terechtkomt in de handen van mannen die het publieke vertrouwen waard zijn. Het volk kan zichzelf niet besturen, heet het, maar wenst wel altijd oprecht het goede voor de staat, en zijn instinct laat het vrijwel nooit in de steek als het erom gaat diegenen aan te duiden die door eenzelfde verlangen worden bezield en die het meest capabel zijn om de macht in handen te hebben.”

Net earder kaam der sa’n folslein ûngeskikte presidint yn Amearika oan de heechste macht

En dan komt it, want dan seit de Tocqueville: “Wat mij betreft, moet ik zeggen dat wat ik in Amerika heb gezien, mij niet veroorlooft te denken dat dit zo is” (side 217). Hy hie wat Donald Trump oangiet in foarútsjende blik. Net earder kaam der sa’n folslein ûngeskikte presidint yn Amearika oan de heechste macht. Trump ferlear de ferkiezingen en it is hast net te begripen dat der noch safolle republikeinen oertsjûge binne, dat Trump ferlear troch fraude.

‘Make America Great Again’, wie de slachsin dêr’t Trump de ferkiezing mei yngie. Doe’t ik koartlyn yn de ‘Zendtijd voor politieke partijen’ it filmke fan Forum voor Democratie seach, moast ik oan Trump tinke. De partij fan Baudet wol ús wiismeitsje dat de takomst fan Nederlân der net sa bêst útsjocht, ek mei in ferwizing nei ús ferline, dêr’t wy grutsk op wêze moatte. Ik moat sizze dat ik it in slagge filmke fyn, mar net as reklame foar in politike partij. It filmke is goed te begripen foar dyjingen dy’t De aanval op de natiestaat fan Baudet kenne. Dêroer in oare kear.

Sjoch ek Trumpisme | It Nijs en Oer de demokrasy yn Amearika | It Nijs

jannewaris 6, 2022 16:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.