Perfester mjirkes Nils Århammar ferstoarn

jannewaris 11, 2022 16:49
Nils Arhammar (foto: LC)

Nils Århammar, âld-heechlearaar Frysk, is moandei ferstoarn. Dat docht de universiteit fan Flensburch te witten. Århammar wie dêr fan 1988 oant 1996 perfester. Dêrfoar hie er de learstoel Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins. Århammar is njoggentich jier wurden.

Århammar waard yn 1931 yn it Sweedske Katrineholm berne. Hy studearre germanistyk yn Sweden en Dútslân en ûntwikkele in niget oan de Fryske talen. Benammen it Noard-Frysk fan Helgolân hie syn belangstelling, mar hy ferdjippe him ek yn de oare foarmen fan it Frysk, wêrûnder dat fan de Nederlânske provinsje Fryslân. Fan Århammar is it sechje bekend dat er in protte talen prate, mar net ien perfekt.

Fier nei’t er mjirkes waard, wie Århammar noch dwaande mei it útwreidzjen fan it online-wurdboek fan it Helgolanner Frysk. Dat die er mei syn frou Ritva. It pear wenne op ‘t lêst yn it Noard-Fryske Bräist.

jannewaris 11, 2022 16:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.