Omikron makket himsels ûnsichtber foar PCR-test

jannewaris 25, 2022 15:46

Foto: pixabay.com

Yn Yndia wint op it stuit in nij skaai fan it koroanafirus oan, dat net sichtber is foar in PCR-test. Hoewol’t it firus wat ôfwykt fan de omikronfariant dy’t yn Europa omgiet, hjit er ek fan omikron. Om de twa útinoar te hâlden wurdt de âlde foarm omikron BA.1 neamd en de nije omikron BA.2.

Omikron BA.2 liket neffens earste ûndersiken noch besmetliker te wêzen as BA.1, dat sels al besmetliker wie as eardere firussen. It firus is ek yn Europa al oantroffen. It ferskilt troch tritich mutaasjes fan BA.1 en wurdt fanwegen de minne testberens wol ‘stealthy omicron’ neamd – Ingelsk foar ‘stille omikron’ of ‘genipige omikron’. Der binne gjin oanwizings foar dat BA.2 minsken siker makket as BA.1.

 

 

jannewaris 25, 2022 15:46
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Jehannes Elzinga, Frjentsjer jannewaris 25, 20:58

    Fraach bliuwt: wurkje de besteande faksins wol tsjin dizze nije fariant?

  2. Remco jannewaris 26, 12:22

    De fraach is ek hoe betrouber de PCR-test eins is.
    In positive test is synonym wurden foar Koroana sa njonkenlytsen.

  3. Martinus jannewaris 26, 16:34

    Genêskunde is gjin wittenskip, dochs in miening as idé. Heechút in taalwittenskip. Wittenskip háldt yn: 1. der is in paradigma, 2. befinings as idéen wurdt testen as toetse oan it paradigma, 3. der is in paradigmabewaker. as je dizze fragen oan in dokter stelle, stiet dy mei de mûle fol tosken

  4. Nanne Hoekstra jannewaris 26, 23:05

    Wat moat in dokter no ek mei sok ôfwaaid praat, Martinus.

  5. Martinus jannewaris 27, 20:05

    No Nanne liz mar út. Wat is dyn medisk paradigma? my beantwurdzjen mei : wat moat in dokter no ek mei sok ôfwaaid praat, is gjin wittenskip. wol wittenskiplik.

  6. Nanne Hoekstra jannewaris 29, 11:03

    No moat it net mâler wurde, Martinus. Dat ik it útlizze moat. Ik ha gjin idee wêrsto it oar hast. Wat bedoelst der mei dat genêskunde in taalwittenskip is? In paradigma is in tinkramt om de wurklikheid mei te begripen. Mar hokfoar paradigma hast it no krekt oer? En op de paradigma’s fan de genêskunde silst wol wat oan te merken hawwe, mar sis dan konkreet watte. En wat bedoelst mei it ferskil tusken wittenskip en wittenskiplik, útsein it taalkundige.

  7. Martinus febrewaris 3, 09:32

    Bêste Nanne Hoekstra,
    Ik sil besykje jo efkes by te praten oer it ferskil tusken ‚wiitenskiplik’ en ‚wittenskip’. Sjoen jo antwurden hâld ik it MBU/MBO nivo oan om it net al te yngewikkeld te meitsjen.
    Ik begjin mei wittenskip. Net echt in konkreet wurdt, derom gean ik nei it wurdt wetterskip/waterschap. As je sjogge wat de aktiviteit fan it wurdt ynhâldt, dan kom je tot de betsjuttenis fan: Behear en behearskjen fan wetter. Yn analogy betsjut dan wittenskip behear en behearskjen fan witten. Is it Hollânske efterheaksel -schap net sa dúdlik wat de betjuttenis oanbelanget, it Fryske -skip is moaier. In skip hat in ynhâld dy’t beheind is. Wetterskip is dan in pakket om it wetter te behearen en de behearskjen. Wittenskip om it pakket witten te behearen en behearskjen.

    Wittenskiplik/wetenschappelijk, o, dy is sa gemien, en dat komt troch it efterheaksel -lik/lijk. Dat makket dat de betsjuttenis wurdt dat it earne op liket/lijkt. Dus, wittenskiplik betsjut dan dat it op wittenskip liket. It is gjin wittenskip, maar it liket der op. Wûnderlik, it liket op in wûnder, mar it is gjin wûnder, it liket der op. Ik haw dizze betsjuttenis feroarings fûn yn Noarwegen fia it wurdt farlig/farleg. Dat is gelyk oan ús wurdt (ge)faarlik/(ge)vaarlijk. It liket op farren, mar it is net farren, it liket derop. Sa’n 1000 jier lyn kamen in protte om by it farren. En as jo heech yn de beam hingje oan in slap tûkje, dan kin de fâl it selde rissetaat jaan as it farren.

    Ik bin dus tige fersichtich wurden mei it brûken fan it efterheaksel -lik/lijk.

    Dan jo opmerkings út hokker medisk paradigma jo gebrûk meitsje wolle. Jo koene kieze út trije paradigma’s dy ik fûn haw by genêskunde. 1. paradigma fan Descartes, 2. paradigma fan it jild (jow my jild en ik sil/kin dy genêze, 3. paradigma fan Carnegie en Rockefeller, dws, alle sykten binne te genêzen mei in pil, mar dy moat dan dochs foaral út oalje makke wurde.
    Omdat jo gjin pardigma neamde, wit ik dat jo yn dizze saak ûnkundich binne en einliks net hoech te diskusearjen. Jo binne gjin party. In diskusje hat foar my net it doel om gelyk te krijen as myn gelyk te heljen, mar te besykjen om nije arguminten te hearen. Sa kom ik foarút. De echte wierheid kom ik nea te witten, wis, as je betinke dat der op Ierde 7 -8 miljard wierheden binne.
    Yn de wittenskip moat je nei myn betinken, wolle je yn myn eagen in goeie wittenskipper wêze, oan 3 kwaliteiten foldwaan. De wittenskipper is 1. nijsgjirrich, 2. ûnbefongen, 3. kritysk. De measte wittenskippers binne yn myn eagen allinnich kritysk, en komme net fierder as wittenskiplik bewiis leverje.

    Sa fier ik sjoen haw foldogge wiskunde, natuerkunde en skeikunde oan de definysje wittenskip, sa as ik dy earder oanjûn haw.
    Genêskunde mist de slach op alle fronten. As ien in slimme sykte hat en begelyks 5 dokters rieplachtet, dan kin it samar wêze dat der 5 totaal ferskillende diagnoses stelt wurde. Dan bin je moai klear. Soks sil nea barre yn de wiskunde. In yngewikkelde rekkensom jowt oer de hiele wrâld deselde útkomst. (Kwantumfysisi kinne der mooglik wat oars oer tinke)
    En út de metaal-yndustrie haw ik helle dat je it materiaal wer je mei wurkje, de definysjes der fan goed kinne moatte. Dat je it iene metaal net samar mei it oare metaal kombinearje kin.
    Sa heart de genêskunde ek in definysje te ha fan it materiaal wer se mei wurkeje: De minsk. Der is absoluut net in definysje fan in minsk te finen.
    Us genêskunde is tige goed yn de akute genêskunde, ek wol neamt traumatology. Sûnder mis. Mar sadré it groanysk wurdt, wurdt it ien griemerij. At it no demintens, parkinson, kanker, ALS, sykte fan Crohn, reuma, gean mar troch, dan komt der allinnich in beskriuwing, gjin ferklearring fan de primere oarsaak. Derom neam ik it in taalwittenskip.
    Nanne Hoekstra, ik wol jo der op wize dat jo arguminten gjin ynhâld hawwe. Der sit gjin foarútgong yn. Op dizze wizze bliuwt it minskdom yn De Grot van Plato sitten.

    Martinus

  8. Nanne febrewaris 4, 18:24

    Tige tank foar it wiidweidich ferdútsen, Martinus. Hooplik snappe jo dat in pear flugge gjalpen net genôch binne om jo neikomme te kinnen. Want jo tinkwize is frijwat orizjineel. Jo byld fan in skip is aardich mar der is wol hieltyd wer in gruttere boat nedich, om’t de kennis algeduerigen oanwaakst. Dêr sit him ek krekt de oast: de iene wittenskip is der fierder mei as de oare. En yndied fertsjinnet faaks net alles wat wittenskip hjit dat predikaat. Sa haw ik myn twifels oer de ekonomyske wittenskip. Mar eins is dat ek in semantyske diskusje.
    Jo opmerking dat myn arguminten gjin ynhâld hawwe, fernuveret my, want ik hie alhiel noch gjin arguminten op it aljemint brocht, allinnich mar fragen steld. Persoanlik hâld ik ek net fan de symptoambestriding fan de medisy en ik bin dêr sels wol ris om nei in oare dokterspraktyk ferfearn. Lykwols falt net te leagenjen dat de medyske kunde aardich foarútbuorke is sûnt de kwaksalvers fan de midsiuwen. Dat wy hjoed-de-dei sa âld wurde, is dêr benammen oan te tankjen. Faaks is it mar goed dat medisy foarearst net nóch better wurk dogge, want dan soe de oerbefolking ek noch wer grutter wurde….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.