Omikron jout in oar syktebyld en dit binne de symptomen!

jannewaris 6, 2022 20:49
Foto: Usman Yousaf (Unsplash)

De oerfoarm fan koroana joech benammen lêst oan ‘e pûster, lykas hoastjen, benaudens en longûntstekking. In bekend symptoom fan ferskate skaaien fan it firus is ek it ferlies fan smaak- en rûkfermogen. By it deltafirus liken dy al minder faak foar te kommen as by âldere skaaien. Minder bekende symptomen fan ferskate koroanaskaaien wiene koarts, pine yn it liif en poeperaasje.

It omikronskaai jout in dúdlik oar syktebyld. It wie al bekend dat omikron minder djip yn ‘e longen trochkringt en longklachten komme dan ek folle minder faak foar as by oare foarmen fan koroana. Priuwe en rûke kinne de lijers almeast ek noch sûnder muoite.

By minsken mei it omikronskaai ûnder de lea komme pineholle en wurgens in soad foar. It RIVM is fan de symptomen op ‘e hichte. Se steane no noch op in list fan minder faak foarkommende klachten. It is mooglik dat se letter op de list mei faak foarkommende symptomen komme te stean, seit it RIVM. In mooglik probleem is dat de klachten sa ûndúdlik binne en safolle oarsaken hawwe kinne, dat de testsintrums mear minsken sûnder koroana oer de flier krije as dat hja oankinne.

Proesten en pinekiel komme by minsken mei omikron ek in soad foar. Dy symptomen wiene al fan eardere foarmen fan it koroanafirus bekend.

jannewaris 6, 2022 20:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.