“Omikron is begjin fan ein fan koroana”

jannewaris 7, 2022 22:58
Foto: Sammy Williams (Unsplash)

De ûntjouwings lykje tige geunstich foar de koroanagoarre. Dat seit Rudi Westendorp, in Nederlanner dy’t as perfester foar âldereingenêskunde yn Denemarken wurket.

Yn Denemarken is troch it opkommen fan omikron it tal besmettings omheech sketten. Westendorp neamt de ûntjouwing “explosief”. In folle lytser persintaazje minsken bedarret lykwols yn it sikehûs en noch in lytser oanpart ferstjert oan omikron.

“Deze cijfers lijken echt heel gunstig”, seit Westendorp yn it Algemeen Dagblad. Hy wiist der ek op dat it tanimmen fan it tal besmettings foaral sit by de faksinearre minsken. De faksins wurkje minder goed yn it opkearen fan it omikronskaai as fan ‘e oare koroanaskaaien. By net faksinearre minsken is de besmetlikens fan omikron neffens Westendorp net bot oars as dy fan it deltaskaai.

De Denen binne dan ek optimistysk, seit Westendorp. Hy hellet de direkteur fan it Deenske ynstitút oan dat lykas it Nederlânske RIVM de medyske kant fan ‘e goarre koördinearret: omikron kin wolris it begjin wêze fan de ein fan ‘e koroanagoarre.

jannewaris 7, 2022 22:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.