Omikron falt yndied ta, mar der komt al in nije mutaasje oan

jannewaris 4, 2022 22:57

Boarne: Unsplash/Adhy Savala

It omikron-skaai fan it koroanafirus falt yndied ta. Eardere ûndersiken wiisden dêr al op. Hoewol’t de staach oan ‘e koroanastambeam gâns hurder wreidet as syn alfa- en deltaneven, wurde minsken der oanmerklik minder siik fan.

Dat hat Susan van den Hof, epidemiologe by it RIVM, tiisdei buorkundich makke. Hja seit: “Het rampscenario waar we in december bang voor waren, is afgewend.” Earder hâlde it RIVM rekken mei tûzenen minsken dy’t mei koroana it sikehûs yn moasten, mar dêr is gjin sprake fan. It is lykwols net dúdlik hoe bot oft it firus dêr sels de oarsaak fan is en hoe bot oft de tichtplicht meiholpen hat.

De kâns om yn it sikehûs te bedarjen nei in besmetting mei omikron-koroana is in tredde oant twa tredde lytser as by oare foarmen fan it firus.

Omikron is net in definitive foarm fan it koroanafirus. Yn Frankryk komt op it stuit in nije fariant op, dy’t nei’t it liket fia in reizger út Kameroan it lân yn kommen is. De nije fariant hat noch gjin eigen parsenamme. De wittenskiplike namme is B.1.640.2. It nije firusskaai liket op omikron, mar it aaiwytjaske om it firus hinne sjocht der wat oars út.

jannewaris 4, 2022 22:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.