Oliifoalje ferlinget it libben

jannewaris 14, 2022 22:09
Foto: Unsplash

Alle dagen in heal leppelfol oliifoalje makket dat jo kâns om âld te wurden gâns grutter wurdt. In groep ûndersikers hat it dieet fan njoggentichtûzen minsken bestudearre en komt ta it einsluten dat de oalje ferskate slimme krupsjes foarkomt.

Lijen mei it hert wurdt 20 persint minder wierskynlik as jo alle dagen wat oliifoalje yn ‘e roppert krije. Lijen mei it brein of de senuwen hawwe oliifoalje-iters 29 persint minder lêst fan en troch it guod nimt de kâns op kanker mei 17 persint ôf.

Neffens ûndersykster Marta Guasch-Ferre is sa’n 40 gram deis it bêste, mar mei 7 gram deis komme jo der ek al. Dat is mar in heale ytleppel.

It makket neffens de ûndersykster net út hoe’t jo de oliifoalje binnenkrije: oer it slaad, om bôle yn te dippen of om yn te bakken, it kin allegear.

De ûndersikers hawwe ferslach dien fan harren ûndersyk yn it tydskrift Journal of the American College of Cardiology. Klik hjir foar in gearfetting.

jannewaris 14, 2022 22:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.