Oarsoartige koroanadeaden: 300 jongelju dy’t harsels ferdien hawwe

jannewaris 14, 2022 21:07

Ferline jier hawwe 2100 minsken yn Nederlân harsels tekoartdien. Dat binne trijehûndert mear as oars. It tal selsmoarden wie al jierren stabyl, sawat 1800 yn it jier. De trijehûndert deaden mear binne benammen jongkeardels tusken de tweintich en tritich jier.

Renske Gilissen fan CANS, in organisaasje dy’t ûndersyk docht nei selsmoard, seit dat hja net wit wêrom’t der yn 2021 sa’n soad minsken wiene dy’t der sels in ein oan makke hawwe, mar dat al dúdlik is dat der foar selsmoard mar selden ien inkelde oarsaak bestiet. Ear’t ien de hân oan himsels slacht, hat de iene tebeksetter de oare jage.

Hja bringt de deaden ek yn ferbân mei de koroanamaatregels. Oer it grutte tal jonge selsmoardners seit hja: “In die leeftijdscategorie is een toekomstperspectief en de wereld ontdekken heel belangrijk. Dat zijn zaken die door de maatregelen in het geding komen.”

jannewaris 14, 2022 21:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe jannewaris 15, 16:00

    Wêrom wurdt yn de kop melding makke fan ‘koroanadeaden’ wylst dêr yn it artikel gjin melding fan makke wurdt?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.