Nuver: neffens RIVM wie omikron in jier lyn al yn Nederlân, mar doe bestie it noch net (bywurke)

jannewaris 14, 2022 21:42

Neffens in grafykje op it webstee coronadashboard.rijksoverheid.nl wie it omikron-skaai fan it koroanafirus yn jannewaris 2021 al yn Nederlân. As men op it grafykje klikt, sjocht men dat it opkomt, 3,8 persint fan ‘e besmettings útmakket en dan ferkrongen wurdt troch it alfa-skaai (de “Britske fariant”). Neffens it webstee komt it grafykje fan it RIVM.

Wikipedia fertelt ús lykwols dat omikron earst in lyts jier letter ûntdutsen wurdt. Dêr stiet: “De eerste besmetting met de omikronvariant werd gerapporteerd vanuit Zuid-Afrika op 24 november 2021.” It RIVM seit itselde op syn eigen webstee: “De coronavariant Omikron (B.1.1.529) werd eind november 2021 voor het eerst gemeld in Zuid-Afrika.”

Dat is fansels nuver: hoe kin in firusskaai yn Nederlân opkomme en nei trije wike ferdwine as it earst moannen letter ûntdutsen wurdt? It Nijs moat jo it antwurd skuldich bliuwe.

It grafykje stiet hjirûnder:

Boarne: RIVM
Boarne: RIVM

UPDATE 15 jannewaris 16:02 oere:

De grafyk is wylst ferfongen troch in oaren ien. Dêr is yn jannewaris 2021 gjin omikron mear yn te sjen. It is dizze:

jannewaris 14, 2022 21:42
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. S. Helmantel (Drenthe) jannewaris 14, 23:02

    Geachte Friesjes, jullie hebben hier iets buitengewoon merkwaardigs opgespoord. Het RIVM heeft niet zomaar een verkeerd naampje bij het grafiekje gezet, want alle naampjes zijn bezet. De omicron variant kan het in januari 2021 niet zijn, maar wat dan wel….. Friezen zijn toch minder dom dan iedereen denkt. Grapje!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.