Nijste koroanaregels dochs wer oars as dat wy hjoed tochten

jannewaris 14, 2022 20:45

Boarne: Unsplash

De koroanaregels dêr’t freed wakker oer redendield waard, binne dochs oanpast. Of de ynformaasje dy’t útlekt wie, doocht net, dat kin ek. Yn alle gefallen komt it oars as dat in protte minsken tochten. Dat makket mooglik ek dat der minder protest wêze sil, want de regels binne minder strang as dat grute waard.

It is wol sa dat de hoareka en de museums en teaters ticht bliuwe moatte. Dat kappers en sportskoallen wer iepen meie, bliuwt ek sa, krekt as dat alle skoallen wer iepen meie, ek yn it heger ûnderwiis.

Muzyk- en dûnsskoallen meie wer iepen. It grutste nijs is lykwols dat winkels wer oan fiif oere ta iepen meie. Earder waard buorkundich makke dat dat allinnich mocht foar klanten mei in ôfspraak, mar sa komt it dus net. Wol moatte winkels it tal klanten binnendoar beheine, dat it mooglik bliuwt om ôfstân ta oare minsken te hâlden.

Yn it ûnderwiis moatte learlingen en studinten yn it lokaal in mûlekapke op hawwe, ek as se op in stoel sitte. Dat wie earder net sa. Fierders meie op syn heechst 75 minsken yn ien romte byinoar wêze. Grutte kolleezjes kinne dêrtroch net trochgean.

De karantêneferplichting ferfalt foar minsken dy’t in opfrisprip tsjin koroana hân hawwe en minsken dy’t koartlyn koroana hân hawwe. Wol moatte hja thúsbliuwe as hja harren siik fiele. Leararen en soarchmeiwurkers hoege ek net yn karantêne as se harren net siik fiele en as in selstest útwizing docht dat hja gjin koroana hawwe.

jannewaris 14, 2022 20:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.