Nije kursussen Sealterfrysk
Resint ferskynd

Yn it doarp Skäddel wurde dit jier kursussen Sealterfrysk jûn. Der kinne op syn heechst tsien minsken oan in kursus meidwaan. As der mear belangstelling is, wurde letter mear kursussen oanbean. De begjinnerskursus set yn maart útein.
Dielname oan de kursus is fergees. Fan de dielnimmers wurdt allinne ferwachte dat se wat lekkers te iten of te drinken meinimme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje