Nij radioprogramma ‘5 Dagen’ op NPO Radio 1 set útein yn Ootmarsum

jannewaris 3, 2022 08:41 Fernijd

Fan moandei 3 jannewaris 2022 ôf alle jûnen fan moandeis o/m freeds op NPO 1 earne út it lân wei: 5 Dagen, in nij programma dêr’t NTR en PowNEd de krêften yn bondelje. Alle wiken komt it programma út in oare gemeente. Mei persoanlike ferhalen by it nijs, in pineholledossier en in prachtich boargerinisjatyf.

Boarne: NTR

Mei de 5 Dagen-bus lûkt it programma it lân yn. 5 Dagen mei presintator Waldy van Geenen en ferslachjouwer Joris Kreugel. Alle wurkdagen fan 20.00 oant 20.30 oere op NPO Radio 1.

Waldy van Geenen (foto: Stefan Heijdendael)

De earste wike fan 5 Dagen stiet de bus yn it sintrum fan Ootmarsum, it brûzjend middelpunt fan Dinkelland. Mar brûzjend is it der no net: troch de tichtplicht is it der útstoarn en kinne ûndernimmers mar amper de holle boppe wetter hâlde. Ofrûne simmer wie it der just it tsjinoerstelde, doe waard it skildereftige stedsje oerrûn troch toeristen, ek mei’t de Nederlanners besleaten om yn Nederlân op fakânsje te gean. It tanimmende toerisme hat in protte gefolgen: hege hierprizen yn it sintrum, parkearproblemen, nea mear rêst. Giet Ootmarsum oan syn eigen sukses te’n ûnder? Dat is de sintrale fraach yn dy 5 Dagen. Petearen mei boargers oer it wol en wee, oer it leefklimaat fan Ootmarsum.

It ‘pineholledossier’ fan ’e wike: de kwestje fersmoarge ôffalwetter fan de NAM dat krekt bûten Ootmarsum, by Rossum, yn ’e boaiem pompt wurdt. Koartlyn waard yn de Twadde Keamer in moasje oannommen dêr’t yn stie dat dat fuortdaliks ophâlde moat, mar de NAM giet gewoan troch mei pompen en demisjonêr Stef Blok is net fan doel en gryp yn.

Yn ’e aksje ‘5 Dagen helpt’ geane Van Geenen en Kreugel mei de Stifting Noaberhart Rossum op ’en paad. De stifting makket him sterk foar it oanpassen fan wen- en leefsituaasjes fan minsken dy’t yn ’e knipe driigje te kommen.

Fan moandeis 3 o/m freed 7 jannewaris: 5 Dagen – live út Ootmarsum wei. Fan 20.00 oant 20.30 oere op NPO Radio 1. Mear meikoarten op de side fan 5 Dagen.

jannewaris 3, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.