Muzikale Iterij op sneon 5 febrewaris yn De Wier Koarnjum

jannewaris 31, 2022 09:12

Nei de suksesfolle premjêre fan de earste Muzikale Iterij yn desimber ferline jier yn húskeamerteater De Wier yn Koarnjum, wurdt de tried wer oppakt mei de twadde. Dy sil holden wurde op sneontemiddei 5 febrewaris oankommende. De doar giet iepen om 12.30 oere en oanfang is 13.00 oere.

Ofbylding: © Bob de Boer Produkties

Bob de Boer lit muzyk hearre, dy’t te krijen hat mei iten en drinken en Wieke de Haan servearret dêr ‘tapaslik’ iten by. Fierder is der fan alles te sjen op in grut skerm. De organisaasje docht syn bêst om elkenien op oardel meter útinoar in plakje yn it húskeamerteater te jaan. Besikers wurde ûntfongen mei alkoholfrij drinken.

De tagongspriis is € 29,50 de persoan en dat is mei wolkomstdrinken en alle iten ynbegrepen. Drankjes dy’t ûnder iten en neitiid besteld wurde, wurde nei ôfrin apart ôfrekkene. Oanmelde foar tongersdei 3 febrewaris op 06 – 54763154 of bobdeboer@pinupsanddowns.com. Tink derom: fol is fol.

jannewaris 31, 2022 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.