Museum Belvédère gastlokaasje fan ‘Tussen Kunst en Kitsch’ mei in klapper
Resint ferskynd
Yn ’e simmer fan 2021 wie Museum Belvédère yn Oranjewâld wer gastlokaasje foar it telefyzjeprogramma Tussen Kunst en Kitsch. Dy ôflevering waard ôfrûne woansdei útstjoerd. Der sieten in stikmannich hichtepunten yn it oanbod en in ûnferwachte topstik.

Foto: Museum Belvédère
Yn de útstjoering fan woansdei 5 jannewaris yn Museum Belvédère rekke Jaap Polak optein fan in Sineeske rôlskildering, seach Willem de Winter in Breitner dy’t op it húske hinget en kaam de dream fan Bas Hesseling út by it sjen fan in iuwenâld tijboek (brevier).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje