Moslims hawwe it mier oan homoseksualiteit fanwegen moskee en diskriminaasje

jannewaris 6, 2022 23:11
Foto: Pixabay

In grut part fan ‘e moslims moat net folle hawwe moat fan homoseksualiteit, mar hoe komt dat eins? Dy fraach hawwe de Nimweger ûndersiker Niels Spierings en syn Dútske kollega Antje Röder harren steld.

Spierings hie yn earder ûndersyk al ûntdutsen dat de anty-homo-hâlding fan in protte moslims yn Arabyske lannen sterker wie as yn Europa en dat yn lannen dêr’t de autochtoane befolking negatyf oer homo’s wie, de hâlding fan de moslimymmigranten ek negativer wie as yn lannen lykas Nederlân, dêr’t homoseksualiteit breed akseptearre wurdt.

Spierings en frou Röder hawwe ûntdutsen dat likernôch de helte fan de Nederlânske moslims fan betinken is dat elk frij wêze moat om in relaasje oan te gean mei ien fan itselde slachte. Under moslims dy’t harsels as tige religieus beskôgje is de akseptaasje folle leger. Dat jildt ek foar moslims dy’t in protte nei de moskee ta geane en foar moslims dy’t sizze dat se in soad mei diskriminaasje te krijen hawwe.

De ûndersikers ferklearje dat trochdat moskeegongers harren faak mear identifisearje mei de kultuer fan it lân fan oarsprong. De moskeegong en fijannichheid foar moslims oer binne neffens harren wichtige oarsaken fan it útbliuwende yntegraasje as it op homo-akseptaasje oankomt.

jannewaris 6, 2022 23:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.