Miskien dochs mear gaswinning yn Grinslân, want Dútsers hawwe krapte

jannewaris 6, 2022 21:12

Om foar te kommen dat de Dútsers kâlde fuotten krije, moat de gaskraan yn Grinslân mooglik dochs wer fierder iepen. Dat hat it Nederlânske ministearje fan ekonomyske saken tongersdei buorkundich makke.

Earder hie it ministearje sein dat der tusken 1 oktober 2021 en 1 oktober 2022 op syn heechst 3,9 miljard kúb gas út de Grinslânske boaiem helle wurde soe. Dat wurdt no 7,6 miljard kúb en by in kâlde winter mooglik noch mear.

Yn Dútslân is de ôfrûne tiid tige ynvestearre yn enerzjybesparjende maatregels, mar dy dogge minder fertuten as dat ferwachte wie. It gasferlet yn Dútslân is dêrtroch ek grut.Nederlân hat in leveringsôfspraak mei Dútslân.

Nederlân is dwaande mei de bou fan in fabryk dêr’t bûtenlânsk gas omset wurdt nei gas mei deselde kwaliteit as it Grinslânske ierdgas. Dat fabryk soe yn april klear wêze, mar der is sprake fan opûnthâld.

De Nederlânske minister fan ekonomyske saken Stef Blok hat syn Dútske kollega wol frege om te besykjen it gasferlet te beheinen. Hy hat TNO ek frege om nei te gean wat de ekstra gaswinning foar it risiko op ierdskokken betsjut. It nije regear sil foar 1 april beslute hoefolle gas oft Dútslân kriget.

 

jannewaris 6, 2022 21:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.