Minder leechstân trochdat winkels yn wenten feroarje
Resint ferskynd

Ljouwert (foto: Wikimedia Commons/Michiel1972 – CC BY-SA 3.0)
De leechstân fan winkels is yn 2021 tebekrûn fan 7,5 nei 6,8 persint. Der stiene yn Nederlân goed 1750 minder gebouwen leech as it jier derfoar, berjochtet ûndersyksburo Locatus. Yn fjouwer gemeenten is it tal leechsteande gebouwen sels mei mear as in tredde part ôfnommen, nammentlik yn Deurne, Ridderkerk, Gouda en Oss. Dat hat te krijen mei de oerspande wenningmerk.
De ôfrûne jierren waard der net safolle tsjin de leechstân fan winkelpannen dien, mar dêr is yn 2021 wat yn feroare. By wenten rize de hierprizen de panne út. It is foar ynvestearders dus tige winstjaand om foar wenten te kiezen ynstee fan winkels. Dat bart dan faak yn de fleksibele skyl om de kearn fan in plak hinne, dêr’t de winkelfergunning nei trije jier leechstân ferfalt. Gebouwen yn it sintrum moatte in publyksfunksje hâlde, lykas in winkel, hoareka of biblioteek, mei’t it sintrum in plak bliuwe moat dêr’t minsken inoar moetsje kinne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje