Measte kâns op autoskea op It Hearrenfean

jannewaris 22, 2022 08:46

Yn Fryslân hawwe automobilisten it grutste risiko op skea yn de gemeente It Hearrenfean, sa docht bliken út de AutoRisikomjitter fan Independer. De kâns dat jins auto mikpunt wurdt fan ûnder mear ynbraak, fandalisme of dieverij is dêr sa’n 16,9% grutter as yn ’e rest fan Nederlân. Yn Smellingerlân en Weststellingwerf leit it persintaasje ek heger as yn trochsneed.

Foto: Independer

De AutoRisikomjitter fan Independer ‘mjit’ de kâns op autoskea. Dat risiko wurdt útmake op basis fan it tal registrearre autoynbraken, autostellerijen, ferkearsûngelokken yn de beboude kom, gefallen fan autofandalisme en it tal fan de dyk helle dronken bestjoerders yn 2020. Dy oantallen wurde woegen tsjin it tal registrearre persoaneauto’s de gemeente en provinsje. Dy data is ôfset tsjin it registrearre autobsit op tûzen húshâldens de gemeente om op dy wize in earlike ferliking fan gemeenten meitsje te kinnen.

Njonken It Hearrenfean blike ek Smellingerlân (+16,7%) en Weststellingwerf (+7,6%) in ferhege kâns op ûnder mear autoynbraken, -stellerijen en – fandalisme te hawwen.

Top 5 feilichste gemeenten yn Fryslân
Yn de oare Fryske gemeenten hawwe automoblisten just minder risiko op autoskea neffens de rest fan Nederlân. It feilichst is It Amelân. De kâns op skea oan ’e auto leit dêr 55,6% leger as op oare plakken yn it lân. De top 5 fan feilichste gemeenten yn Fryslân is sa:

  1. It Amelân (-55,6%)
  2. Noardeast-Fryslân (-30%)
  3. Tytsjerksteradiel (-25,9%)
  4. Opsterlân (-21,4%)
  5. De Fryske Marren (-18,2%)

Mear ynformaasje oer it risiko op autoskea yn jo gemeente is te finen op: www.independer.nl/autoverzekering/info/onderzoek/autorisicometer.

Oer it ûndersyk
De AutoRisikomjitter ‘mjit’ op basis fan histoaryske data fan it CBS, Rykswettersteat (RWS) en de Nasjonale Plysje dat in autobesitter rint dat der wat mei syn of har auto bart. Yn it ûndersyk is de gemeentlike yndieling fan 2020 brûkt.

jannewaris 22, 2022 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.