Machiavellipriis 2021 foar Gerrit Hiemstra

jannewaris 4, 2022 10:17

NOS-waarman Gerrit Hiemstra kriget de Machiavellipriis 2021. De Stichting Machiavelli hat him de priis takend om’t er de klimaatferoaring en de gefolgen derfan dúdlik makket foar in grut publyk.

Gerrit Hiemstra (foto: NOS)

De Machiavellipriis wurdt sûnt 1989 alle jierren útrikt oan minsken of organisaasjes dy’t in bysûndere bydrage levere hawwe oan de kommunikaasje tusken polityk, oerheid en boargers. Ferline jier gie de priis nei firolooch Marion Koopmans en dokter yntinsive soarch Diederik Gommers, mei’t se de kennis oer it koroanafirus foar in breed publyk tagonklik makken.

Neffens Marja Wagenaar fan de stifting Machiavelli wiene der it ôfrûne jier gjin minsken dy’t der op it tema koroana echt boppeút stutsen. By it klimaat foel Gerrit Hiemstra dus op. Hiemstra neamt it in eare dat er de priis kriget. Neffens him hoecht er der gjin muoite foar te dwaan om it klimaat ûnder it omtinken te hâlden, mei’t der faak klimaatrelatearre barrens binne. Hy seit dat er besiket om út wittenskiplike ferhalen de essinsje te heljen, sadat minsken it begripe en ûnthâlde.

Gerrit Hiemstra waard berne yn Drachten en groeide op yn Sumar.

jannewaris 4, 2022 10:17
Skriuw in reaksje

11 opmerkingen

  1. Klaas jannewaris 6, 14:13

    It wurdt tiid dat der in ein komt oan tal fan polityk motivearre prizen foar sokke pommeranten. De wize wêrop’t Hiemstra in eventuele klimaatferoaring yn byld bringt komt in soad politike partijen goed út. Mar tink ek oan it earedoktoraat fan Timmermans oan de TU Delft. In soad diskusje oer, en terjochte!

  2. Nanne Hoekstra jannewaris 7, 10:24

    Hoe tinkt Klaas dan oer it EVENTUELE rûn wêzen fan de ierde?
    As der no eat polityk motivearre is, is dat it yn de kiif stellen fan de klimaatferoaring. Klaas docht dus krekt datjinge dêr’t er oaren fan beskuldiget.

  3. mbc84 jannewaris 10, 17:26

    En is Nanne op ‘e hichte fan hoe’t dat ûndersyk útfierd wurden is dat beweart dat 97% fan de wittenskippers fynt dat der sprake is fan troch de minsk feroarsake klimaatferoaring? Ah, krekt…

  4. Nanne Hoekstra jannewaris 11, 10:33

    Oer hokfoar ûndersyk hawwe jo it, mbc84? Ik haw it heielendal net oer in spesifyk ûndersyk hân. De klimaatferoaring is sa wis as dat de aarde rûn is. Eagen iependwaan en út it rút sjen folstiet dêr al foar. Oer dat de minske de oarsaak is, is it alderlêste kromke twifel yntusken fuortnaam: https://www.itnijs.frl/2020/08/slutend-bewiis-fun-dat-wy-it-klimaat-opwaarmje/

  5. mbc84 jannewaris 11, 15:31

    Jo witte wol wat ik bedoel, mar wolle der wer moai om hinne. Link yn dat artikel docht it (al) net mear…
    Der waard en wurdt o sa beard dat alle wittenskippers it der oer iens binne (dy ferneamde 97%). Sykje no ris op hoe’t dat krekt sit…
    Klimaatferoaring kin, mar net goed mjitber. Eagen iependwaan, jo wurde betsjoend mei ûndergongsfantasijen lykas it folk eartiids foar de duvel en de hel bang makke waard.

  6. Nanne Hoekstra jannewaris 11, 18:02

    Ik sjoch net nei de miening fan wittenskippers, mbc, mar nei wat hja oantoane. It is te rêden om de wittenskiplike befiningen en dat is ek itjinge dêr’t Hiemstra him mei dwaande hâldt. Elk hat rjocht op in eigen miening, mar net op eigen feiten. It yn it artikel op It Nijs neamde wittenskiplike artikel is net stikem ferside brocht, mar troch linkrot docht de ferwizing it net mear. It is lykwols maklik te finen: https://www.gruan.org/documentation/articles/steiner-et-al-2020-jc.
    Hoe komme jo der by dat de klimaatferoaring net mjitber wêze soe? Sjoch bygelyks itselde artikel op It Nijs. En lês hoe’t de kâns op in Alvestêdetocht fuortraant as snie foar de sinne: https://www.knmi.nl/over-het-knmi/nieuws/laatste-elfstedentocht-nu-25-jaar-geleden/.
    Mar as jo al dy wittenskiplik oantoande feiten simpelwei leagenje hat fierder diskussearjen út noch yn gjin doel.

  7. Martinus jannewaris 12, 22:33

    Wittenskiplik betsjut nei de letter: liket op wiitenskip. echte wittenskip giet út fan in paradigma, de befinings kontrolearje oan it paradigma, en der is ek in paradigmabewaker. de measte wittenskippen foldogge hjir net oan.
    begjin earst mei it paradigma oan te jaan. dan kinne fierder prate, as net.

  8. mbc84 jannewaris 12, 22:36

    Factcheckerij, binne jim ek sa gek op: https://www.forbes.com/sites/uhenergy/2016/12/14/fact-checking-the-97-consensus-on-anthropogenic-climate-change/?sh=65e2aed11157

    Neffens guon modellen fan wittenskippers, dy’t troch slûgen en sleauwen as Hiemstra ferkocht wurde as feiten, hie it seewetter al oer de diken slaan moatten en soe it Noardpoaliis ferdwûn wêze. Gjin fan beide binne wier.

    Soad súkses mei jo klimaatmearkes, dy’t ús wolfeart de fernieling yn helpe. En dat allegear om mar te dogen.

    Dy’t miljarden útjaan wol oan in eventuele mikroskopyske reduksje fan CO2, dy is it yn ‘e plasse slein. Dy moat polityk ûntarekkeningsfetber ferklearre wurde.

  9. Nanne Hoekstra jannewaris 13, 21:33

    Mei djoere wurden ferslaan yn dizenich praat dêr’t gjin fet op te krijen is sadat in besteklike reaksje net mooglik is, Martinus, dat is in retoaryske trúk dy’t de diskusje net fierder bringt.

    Tank, hear 84, foar de link. Mar troch te wizen op tekoartkommingen fan ien ûndersyk de hiele klimaatwittenskip by it jiskefet sette is allyksa in retoaryske trúk. As jo wier ynteressearre binne yn wat klimaatwittenskippers der sels fan tinke, is it de baas en lês dit neffens wittenskiplike kritearia hifke artikel: https://skepticalscience.com/translation.php?a=17&l=15.

    Dy hiele webside is nammers tige nijsgjirrich want alle klimaatskeptyske arguminten dy’t men mar betinke kin, wurde dêr wjerlein. En as jimme nei it trochnimmen fan al dy stof ûntspanne wolle, rekommandearje ik de film ‘Don’t look up’ oan.

  10. mbc84 jannewaris 14, 08:39

    Ien ûndersyk? Jo tochten wier dat dit it iennige wie? Jo binne beheind, mar soks is wol te ferwachtsjen at je soks praat útslaan…

    Dy’t miljarden útjaan wol oan in eventuele mikroskopyske reduksje fan CO2, dy is it yn ‘e plasse slein. Dy moat polityk ûntarekkeningsfetber ferklearre wurde.

  11. Nanne Hoekstra jannewaris 14, 11:47

    Hokfoar mikroskopyske reduksje? De broeikasútstjit moat nei 0 en dan negatyf wurde. Dat is in ûnbidige reduksje. Of bedoelt mbc84 de bydrage fan Nederlân? Ja, sa kin men alle bagatellisearje. Mar as in smoarryk lân dat der sels skielk ûnderstrûpt it al ferhipt om syn bydrage te leverjen, wa yn de wrâld docht dan noch wol wat?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.