Leonie Bentveld fan Burgum wint wrâldbekerklassemint fjildriden
Resint ferskynd
De 17-jierrige Leonie Bentveld fan Burgum hat snein yn it Frânske Flamanville de einoerwinning fan de wrâldbeker fjildriden foar junioarefroulju wûn. Troch de lêste wedstriid te winnen en trochdat de liedster yn it klassemint, Zoe Bäckstedt, net oan ’e start ferskynde yn ferbân mei koroana, wist Bentveld de einsege te heljen.

Leonie Bentveld (foto: Cyclingteam Leonie)
De Italiaanske Valentina Corvi joech frou Bentveld de oerwinning net kado en sadwaande waard de wedstriid pas beslist yn ’e lêste omgong. Frou Bentveld bliek úteinlik krekt wat te sterk foar de Italiaanske. Troch de oerwinning bliuwt se tsien punten foar op Bäckstedt en sadwaande giet de winnerstrui mei nei Burgum.
Leonie Bentvelt reizget takom wike nei Amearika dêr’t se op 29 jannewaris meidocht oan it WK fjildriden yn Fayetteville Arkansas.

Leonie Bentveld (foto: Cyclingteam Leonie)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje