Learaar Frysk yn fuortset ûnderwiis begjint tenei net mear by nul

jannewaris 19, 2022 11:56
Foto: morguefile.com

De provinsje wol in saakkundige ynhiere om nije doelen foar it skoalfak Frysk te ûntwikkeljen. Lykas alle skoalfakken wurdt dat yngeand oanpast. De ôfrûne jierren hawwe ferskate organisaasjes yn Fryslân dy oanpassing al taret.

Benammen de Stichting Leerplan Ontwikkeling en Cedin hawwe in protte ideeën garre en op basis dêrfan saneamde boustiennen foar it fak Frysk makke. Dy binne te finen op it webstee kurrikulum.frl.

Foar de measte fakken sil de Stichting Leerplan Ontwikkeling de doelen ûntwerpe, mar om’t dy organisaasje net ien yn tsjinst hat dy’t saakkundich is op it mêd fan it Frysk, siket de provinsje dêr ien foar.

Dyselde sil earst de saneamde eintermen foar it fak Frysk ûntwerpe: dat binne de saken dy’t alle learlingen kinne en witte moatte. Dêrnei wurde kearndoelen makke: dat binne de saken dy’t skoallen foar de learlingen dwaan moatte op it mêd fan it Frysk.

Neffens de minsken dy’t it wurk taret hawwe, moatte learlingen by Frysk leare hokker foardielen oft meartaligens hat, se moatte harren ek frij fiele om it Frysk te brûken. Dat it fansels sprekt dat it Frysk op skoalle praat wurde kin, moat ek yn de nije opset ferwurke wurde.

Wat de feardigens yn it Frysk oangiet, wurdt mear fan de learlingen ferwachte as oant no ta it gefal wie. Al yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis moatte hja de grammatika en de staveringsregels fan it Standertfrysk leare. Kennis fan de Fryske kultuer, tradysjes en skiednis heart der tenei ek by. Fierder moatte de bern fertroud reitsje mei Fryske boeken en der in oardiel oer jaan kinne.

In grut ferskil mei de foarige opset fan it fak Frysk is dat it yn de nije opset trochrint fan groep 1 fan ‘e basisskoalle oant en mei de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. No moatte leararen yn it fuortset ûnderwiis faak by nul begjinne, omdat bern mei hiel ferskillende nivo’s fan ‘e basisskoalle ôf komme.

 

jannewaris 19, 2022 11:56
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Tom Dykstra jannewaris 26, 11:45

    As alle basisskoallen harren programma ôfstimd hienen op de kearndoelen Frysk (2006) dan hienen de skoallen foar fuortset ûnderwiis no net mear by nul begjinne hoecht. Punt is dat yn it ûntheffingsbelied fan de provinsje (2015) de basisskoallen taalprofilen kieze kinne sûnder lêzen en skriuwen . Salang as de provinsje dêr mei trochgiet (ek tsjin it sin fan de ynspeksje 2019) dan sille de skoallen poar fuortset ûnderwiis foar de measte learlingen noch altiten by nul begjinne moatte.
    Trouwens wêrom moat it Frysk yn it f’. û. ta de ûnderbou beheind wurde wylst it Hollânsk en ek it Ingelsk kearnfakken yn alle klassen binne?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.