Kultuerkollektyf lansearret eigen podcast op 14 jannewaris
Resint ferskynd

Ofbylding: Kultuerkollektyf
Yn de nije podcast ‘Kultcast’ fan it Kultuerkollektyf geane Maha Eljak en Céline Wierda yn petear mei de noardlike kulturele sektor oer ferskate tema’s en harren grutste dreamen. Yn de earste ôflevering geane se yn petear mei twa opkommende Fryske artysten, Alexander Moto en Ginge oer hoe te oerlibjen as begjinnend artyst.
Twaspraak yn ’e stêd
Twaspraak is it ûntwikkelingstrajekt fan it Kultuerkollektyf. In jier lang krije sa’n seis makkers út it noarden de kâns om har fierder te ûntwikkeljen yn harren artistike praktyk. Mei help fan in trener en wikseljende eksperts wurkje se oan in artistyk programma dat yn De Broeikas fertoand wurde sil. De seleksje fan makkers wurdt makke troch alle produksjekearnen yn it Kultuerkollektyf.
Fan no ôf binne de plakpylders yn en om Ljouwert hinne beklaaid mei printen fan de Twaspraak-kampanje. Dêrop binne fiif makkers te sjen dy’t ûnderdiel fan it Twaspraak-talintûntwikkelingstrajekt binne. In jier lang wurde de makkers troch it Kultuerkollektyf stipe yn harren artistike ûntjouwing. De QR-koade op de poster is te scannen, dan heart men wat Twaspraak foar harren betsjut. De kampanjefoto’s binne makke troch Marc de fotograaf, fideowurk troch Jurjoes Media.

Foto: Marc de fotograaf
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje