Kuierjende beammen yn Ljouwert

jannewaris 20, 2022 08:46 Fernijd

Fan dizze wike ôf hat it parkearterrein fan Achmea, oan ’e Snitsertrekwei yn Ljouwert, in nije funksje. No’t de earste beammen fan it Arcadia-projekt Bosk oankommen binne, is de lokaasje omdoopt ta BoskDok. De mear as tûzen, metershege, beammen fan Bosk sille dêr bliuwe oant se op 7 maaie oan harren kuiertocht fan hûndert dagen begjinne. Bosk is ûnderdiel fan it brede kulturele programma fan Arcadia 2022, de earste edysje fan de triënnale fan Ljouwert-Fryslân 2028 dy’t fan 7 maaie o/m 14 augustus holden wurdt.

Foto: ©Floris Leeuwenberg

BoskDok
Op it BoskDok wurde de tariedingen troffen foar de start fan Bosk: in stadich bewegende keunstynstallaasje dy’t hûndert dagen lang troch de binnenstêd fan Ljouwert lûkt. De kommende wiken sil it terrein hieltyd foller reitsje, oant alle beammen yn de bakken set binne. Al dy beammen foarmje mei-inoar in bosk fan mear as tûzen beammen, mei sa’n sechtich ferskillende beamsoarten. It is it idee fan lânskipskeunstner Bruno Doedens: “It sil in prachtich gesicht wêze as de mear as tûzen beammen meikoarten echt kuierje sille. Hieltyd op in oar plak yn de binnenstêd fan Ljouwert sille se de sfear folslein feroarje fan ferkearsromte nei ferbliuwsromte.”

Gearwurking
Bosk is in koproduksje fan Arcadia en de gemeente Ljouwert. Op it BoskDok wurkje de meiwurkers fan de bûtentsjinst oant maaie oan it plantsjen en fersoargjen fan de beammen. “De beammen wurde mei de grutst mooglike soarch yn ’e bakken plante. Se stean yn spesjaal beammesubstraat en krije optimale fersoarging yn de tiid fan it trajekt. Se binne fêstset yn de bak tsjin eventueel omwaaien. Nei de kuiertocht wurde alle beammen op ferskate plakken plante om sûn âld wurde te kinnen”, seit Nico Kelderhuis, senior behearder grien en boartsjen by de gemeente Ljouwert.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.bosk.frl.

Foto: ©Floris Leeuwenberg

jannewaris 20, 2022 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.