Klútsjes
Resint ferskynd
In nij gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân: www.dichterfanfryslan.nl.
Klútsjes
Minsken moatte knoeid
ear’t se knetsje ta in daai.
Minge wy net maklik
riere net fûl genôch
wolle net frij fan skerpte
pitleas ta in brij wurde?
Fêste foarmen ferkromje
de koekjesnijers hingje yn de krystbeam.
nee
Ferwurd net ta in flutminske
sêd oan misbaksels op in wetterkâld famyljewykein.
en dochs
Wat hearlik om de garde ôf te slikjen
hoe glêd besleek sûnder klútsjes.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje