Keunstner Ids Willemsma sjocht tebek nei de Alvestêdetocht

jannewaris 10, 2022 08:38

Ferline wike tiisdei wie it fiifentweintich jier lyn dat de lêste Alvestêdetocht riden waard. Keunstner Ids Willemsma (1949) ried de tocht mar leafst trije kear en helle de einstreek yn 1997 as fluchste op selsmakke houten redens.

‘Wek (kruiend iis)’ fan Ids Willemsma (boarne: Museum Belvédère)

Yn it ûndersteande filmke sjocht er tebek op dy bysûndere prestaasje. Dat de sport ek in rol spilet yn syn byldzjend wurk, waard al dúdlik doe’t syn skulptuer fan de Fryske atlete Foekje Dillema yn it museumpark fan Museum Belvédère te sjen wie. Koartlyn koe it museum ‘Wek (kruiend iis)’ oankeapje, in izerynstallaasje fan hûndert mei de hân smeide akkolade- en v-foarmen. Willemsma joech dêryn op poëtyske wize útdrukking oan syn fassinaasje foar natueriis.

Kommende simmer sil de nije oanwinst ûnderdiel útmeitsje fan de temaútstalling Stroomopwaarts yn ’e westfleugel fan it museum.

Besjoch it filmke fan Schaatsen.nl:

jannewaris 10, 2022 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.