Keunsthûs SYB siket nije projektfoarstellen foar de kommende jierren

jannewaris 15, 2022 09:06

Keunsthûs SYB yn Beetstersweach siket nije projektfoarstellen foar de programmearring yn 2023 en 2024, fan byldzjend keunstners dy’t wenje en wurkje yn Nederlân. De falbile is 6 febrewaris oankommende. Lês hjir mear oer de iepen oprop (Nederlânsk en Ingelsk).

Carmen Schabracq (foto: Sjoerd Knol)

Carmen Schabraq – Duvel Banner útsteld
De kultuersektor bliuwt foarearst ticht. Dêrom wurdt de einpresintaasje fan Carmen Schabracq ferskood nei letter yn dit jier.

Vanessa van ’t Hoogt oer Carmens wurk: “En dochs beynfloedzje it meitsjen mei de hannen en it tinken mei de holle inoar. Sy binne ûnskiedber mei-inoar ferbûn; se binne ien, krekt as de poedel en de studint ek beide de duvel Mephisto binne.” Lês hjir de folsleine tekst.

Lisa Prins
Lisa Prins is de earstfolgjende keunstner dy’t by Keunsthûs SYB te gast wêze sil. Fan 7 febrewaris o/m 20 maart dûkt sy yn it libben en it wurk fan de Fryske dichteresse en fersetsfrou Tiny Mulder (1921-2010) en ûndersiket se it idee fan taal as ferset. De residinten dy’t letter yn it jier yn Keunsthûs SYB ferwolkomme wurde, binne Charlotte Mumm, Sol Archer, Steven Jouwersma en Sanna Kabalt.

Yn 2022 is der ek in nije edysje fan de 24-oersresidinsjes yn gearwurking mei Akademy Minerva yn Grins, slút Keunsthûs SYB him by Arcardia oan, en wurdt yn oktober in nije edysje fan de Sybren Hellinga Keunstpriis organisearre.

jannewaris 15, 2022 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.