Kanada ferwachtet fan ’t sneinoer beierboel troch frachtridersdemonstraasje

jannewaris 27, 2022 10:38

It koe sneon wolris in boel mei in byboel wurde yn it súdeasten fan Kanada. Ut it hiele lân wei sette op ‘t heden frachtweinen dat út nei de haadstêd Ottawa. Dêr dogge hja sneon mei oan in grutte demonstraasje tsjin ‘e ferboaden en ferplichtings dy’t te krijen hawwe mei it beheinen fan de koroanagoarre. Benammen de ynsetting dat frachtriders dy’t net yninte binne acht dagen yn karantêne moatte, laat ta gâns wjerstân. Rûchwei ien op ‘e fiif Kanadeeske frachtriders is net folslein tsjin it koroanafirus faksinearre.

Al dagenlang binne sa’n twatûzen frachtriders ûnderweis de Ottawaaster kanten út. In Kanadeeske frachtwein is in baas apparaat, dat de Kanadeeske parse ferwachtet dat Ottawa en omkriten de kommende dagen amper berikber binne. De plysje ret him ta op opstoppings dy’t it wurk fan ‘e helptsjinsten slim behinderje kinne.

Net allinne de tsjinstanners fan it notiidske koroanabelied binne de kommende dagen op ‘en paad yn Ottawa en omkriten, de plysje hâldt ek rekken mei tsjindemonstraasjes en reboeljemakkers dy’t de stêd opsykje.

jannewaris 27, 2022 10:38
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Remco jannewaris 27, 13:33

    It konfoai wurdt hieltyd langer en langer en kriget in soad byfal fan minsken lâns de kant. Dit wurdt in GRUT ding. Op twitter u.o: #freedomconvoy2022. It wachtsjen is (wer) op de NOS en konsorten… Ris sjen wat Trudeau no seit.

  2. Remco jannewaris 27, 15:28

    Dit dus:
    https://twitter.com/JustinTrudeau
    Last night, I learned that I have been exposed to COVID-19. My rapid test result was negative. I am following @OttawaHealth rules and isolating for five days. I feel fine and will be working from home. Stay safe, everyone – and please get vaccinated.

  3. Martinus jannewaris 27, 20:13

    Remco, tink net dat dit in oerwinning wurdt. It kin liede ta in oar Covid-19 belied. Dochs de folgjende rampsenario stiet al foar de doar. ‘Cyberattacks’ neffens Klaus Schwab. En as dy dat seit, bart dat ek. In protte saken komme stil te stean. en dan folget de grutte honger. Want ja, de boeren moatte ferplakt wurde nei de Ukraine. Lekker noflik te befytsen. Minsken sjogge neat.

  4. Remco jannewaris 28, 11:09

    It sil by de minsken sels weikomme moatte.

  5. Martinus jannewaris 28, 12:54

    Sa fier bin ik ek kaam

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.