Jonges kinne no ek faksin tsjin HPV-kanker krije

jannewaris 31, 2022 09:25

It faksinaasjeprogramma tsjin HPV-kanker is útwreide. Oant no ta wie it inkeld foar famkes bedoeld. Fan febrewaris ôf kinne jonges  ek in faksin tsjin it humaan papillomafirus krije. Hjoed wurde de earste útnûgingen ferstjoerd.

Foto: pixabay.com

HPV is in tige besmetlik firus dêr’t acht op tsien minsken ea mei ynfektearre reitsje. De goarre kin ûnder mear limoerhalskanker feroarsaakje. Mei’t it faksin it bêste wurket foar’t ien mei it firus yn oanrekking komt, giet de faksinaasjeâldens omleech fan trettjin nei tsien jier.

No’t der hieltyd mear bekend is oer alle ferskillende foarmen fan kanker dy’t troch HPV ûntstean kinne, is besletten om jonges ek te faksinearjen. Jonge manlju krije bygelyks hieltyd faker de diagnoaze peniskanker. Soms is in penisamputaasje needsaaklik om in libben te rêden, seit Oscar Brouwer, urolooch yn it Antoni van Leeuwenhoeksikehûs. “Dat hat fansels grutte gefolgen foar ien syn libben”, seit Brouwer. “Ik praat faak mei pasjinten dy’t yn de tiid tebek reizgje wolle soene foar in faksinaasje, mar foar harren is it spitigernôch te let.”

De HPV-faksinaasje is ûnderdiel fan it Ryksfaksinaasjeprogramma. Alle bern krije in útnûging foar de faksinaasje yn it jier dat se tsien wurde.

jannewaris 31, 2022 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.