Jezus lit sjen wa’t God is
Resint ferskynd

Rembrandt van Rijn – De ferlerne soan komt werom
Oertinking
Ien fan ús bern fersuchte ris: “Wat kostet it my in tiid om te sykjen wat ik kwyt bin.” Wy sykje geregeld om ark, in boek, de bril, de kaaien. Wy witte net mear wêr’t wy se kwytrekke binne.
Yn ’e tiid fan ’e lamkes moasten wy as bern gauris it lân yn om se te tellen. Wie der ien te min, dan draafden wy de sleatten bylâns. De measten fan ús ha, mei de eangst yn ’e kiel, wolris socht om in bern dat nearne te finen wie.
As Lukas ús fertelt oer in skiep, in jildstik of in bern dat fuort is, dan begripe wy daliks wat er bedoelt (Lukas 15). De freugde om it finen fan wat ferlern wie, kinne wy goed meifiele.
Dat Jezus dy trije ferhalen fertelt, is alderearst om syn eigen hâlden en dragen te ferdigenjen. Hy heart syn kollega geastliken protteljen: “Dat hellet mar ferkearde lju oan en yt mei harren.”
Yn trije ferhalen lit Jezus dan blike dat Er folslein yn beslach nommen wurdt troch wat ‘ferlern’ is. Lukas 15 is it hiele evangeelje. Jezus wol ús sjen litte wa’t God is.
– Hy is de Hoeder dy’t net tinkt: “De measten binne der!” Nee, Hy giet derop út om dy iene dy’t Er mist.
– God wol as dy frou, wol oer de grûn krûpe om it ferlerne te sykjen.
– En Hy is de Heit dy’t oerrint fan leafde foar syn jongste, mar ek foar syn âldste soan.
En tsjin ús seit Jezus: “Wês barmhertich lykas jimme Heit dat is.”
Lêze: Lukas 6:31-36
ds. Doede Wiersma
Spitich foar jo ds. Doede Wiersma it is allegearre betocht troch minken en goden bestean net. De bibel is in belibbe mearke.