Jenny Douwes: ekskús boargemaster Waanders “op z’n plaats”

jannewaris 20, 2022 11:58

It soe goed wêze as boargemaster Marga Waanders fan ‘e gemeente Waadhoeke har ekskús oanbiede soe foar har hanneljen yn 2017. Dat seit Jenny Douwes op Twitter. Frou Waanders stie doe in protest ta fan minsken út Hollân tsjin de oankomst fan Sinteklaas en Swarte Pyt yn Dokkum. De demonstranten waarden troch de wilens oeral bekende “blokkearfriezen” behindere troch in blokkade op ‘e sneldyk A7 by de Jouwer. Neffens frou Douwes wie dat nedich omdat der kâns wie op geweld tsjin bern.

Ut in petearferslach hat bliken dien dat frou Waanders mei fertsjintwurdigers fan it Nederlânske ministearje fan sosjale saken praat hie oer de foarm fan de yntocht. Yn dat petear hie hja neffens it ferslach sein dat Dokkum fier fan ‘e bewenne wrâld lizze soe en dat de Friezen net folle meikrigen fan wat der “landelijk (met grote focus Randstad)” barde. De “emotionele emancipatie” fan Fryslân soe noch begjinne moatte.

Wat “emotionele emancipatie” is, stiet net yn it ferslach. Yn in artikel yn Trouw wurdt dermei bedoeld dat minsken yn it iepenbier emoasjes sjen litte, troch bygelyks te gûlen. Yn it ferslach stiet wol dat Friezen “nuchter” binne.

As dat yndied in eigenskip fan de Friezen is, soe in besykjen om dy te feroarjen yn striid wêze mei it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. Dat ferbiedt it besykjen om de Friezen kultureel te assimilearjen.

jannewaris 20, 2022 11:58
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Sybren jannewaris 20, 12:09

    Ekskus is net genoch, Waanders moat gewoon fuort. As jo Tinke dat jo boargers Troch in stel demonstranten ’emotioneel emansipearje’ motte, dan binne je as boargemaster net op jo plak. Nee in better bewiis Sjon dat boargemasters kazen wurgde moatte Troch it folk.

  2. Cor Jousma jannewaris 21, 11:36

    En ik mar tinke dat sa’n boargemaster mei it ministearje fan Ynlânske saken oer saken as de feiligens oerlizze soe. Mei it ministearje fan Sosjale saken nota bene. Wat in arrogânsje…

  3. Martinus jannewaris 22, 17:47

    Cor Jousma, ik begryp dat wol. Waanders is direkteur fan de ûndernimming ‘Gemeente Dongeradiel’ En om’t in kultuerele saak is moat je yn dit gefal sprekke mei hannelsûndernimming Ministerie van Sociale Zaken etc, mei Kvk nûmer 27365117. Harren aktiviteit is ommers: SBI code: 8412: Openbaar bestuur op het gebied van gezondheidszorg, onderwijs, cultuur en welzijn. (geen sociale verzekering) EN
    SBI code: 8121Interieurreiniging van gebouwen.
    Dan begrype je dochs dat dêr it petear plak fine moat!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.