Jelleshûs yn Wâldsein kriget gemeentlike monumintestatus

jannewaris 29, 2022 09:16

De sân feintewenten Jelleshûs fan Sylskoalle Het Molenhuis yn Wâldsein krije de gemeentlike monumintestatus. Dat bart nei in fersyk út it doarp wei begjin 2021. Ferskate partijen beoardielen it fersyk, en dêrnei advisearre monumintekommisje Hûs en Hiem de gemeente om it gebou as gemeentlik monumint oan te wizen. It kolleezje hat besletten dat advys oer te nimmen.

Molehûs yn Wâldsein (foto: Wikimedia/Marion Golsteijn – CC BY-SA 4.0)

It Jelleshûs leit op it terrein fan de sylskoalle, yn it beskerme doarpsgesicht fan Wâldsein. De eigner fan de sylskoalle hat foar de lokaasje plannen ûntwikkele om de akkomodaasje te ferbetterjen. Yn 2021 krige de sylskoalle tastimming fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân om ûnder betingsten it Jelleshûs te slopen. De feintewenten mochten lykwols net sloopt wurde foar’t in definitive nijbou- of ferbou-omjouwingsfergunning ferliend wie.

“Mei de eigner fan de sylskoalle sille we de kommende tiid besjen hoe’t er it Jelleshûs binnen de stedeboukundige rjochtlinen takomstbestindich meitsje kin”, seit ferantwurdlik wethâlder Mirjam Bakker.

jannewaris 29, 2022 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.