Jehova’s (ferhaal)

jannewaris 8, 2022 11:48

boarne: pixabay.com

Jelle lit him achteroer yn ’e bank ploffe. Sa, efkes noflik in sjekje draaie, it sjoernaal fan acht oere meipikke en dan om njoggen oere in Champions Leaguewedstriid: Arsenal tsjin Bayern München. Hy krôket lûd en leit syn skonken noflik langút op it taffeltsje. Hy wennet no sa’n twa moanne op himsels, mei Sikke, in feninich Jack Russeltsje, yn in appartemintsje op ’e tredde ferdjipping fan in flatsje oan ’e râne fan de stêd. En it foldocht him poerbêst. Seisentritich jier by mem wenje is bêst genôch, mar it minske wurdt âlder en woe graach wat lytser wenje. Mei oare wurden: Jelle moast om him hinne sjen nei oar ûnderdak, want tegearre yn in âldereinwentsje wie neat wurdich. Dat sadwaande is er hjir bedarre. It leafst hie se wollen dat Jelle ris in wiif op ’e lije side krûpte, mar Jelle hie oant no mear fidúsje yn hûnen as yn froulju. Hy set krekt in pear fleskes bier yn ’e kuolkast as de bel fan de foardoar giet.

Sikke stoot daliks nei de doar. “Wer werom”, grommelet Jelle. It noasket him dúdlik net dat er op dit stuit steurd wurdt. Hy docht de doar iepen en is fan plan om dejinge dy’t op de stoepe stiet daliks ôf te sâltsjen. Mar Jelle komt net iens oan ôfsâltsjen ta. Hy stiet, mei de mûle yn ’t wiidst iepen, yn twa pear broeierige eagen fan twa bloedmoaie froulju te stoarjen, dy’t, dat skat Jelle daliks goed yn, net mei de Elisabethboade by de doarren lâns geane. “Hat menear belle om selskip foar ien nacht?”, freget ien fan de beide daaljes al sa fluensk.

En foardat Jelle antwurdzje kin en hy syn hormoanehúshâlding wer wat op streken hat steane de beide froulju al yn ’e keamer. Sikke snúft en stoot om de beide froulje hinne en wurdt troch harren daliks sêft set. Sikke is om, no de baas noch. Dy stiet oer de keamer en wol de situaasje de baas bliuwe. Hy besiket sa selsfersekere mooglik te sizzen dat hy yn elts gefal net belle hat en dat der grif in fersin yn ’t spul wêze moat en dat er harren it krekte adres wol wize kin, mar hy kin net in wurd troch de strôt krije. En no wreekt it him dat er mei froulju, en foaral sokke, gjin sprút ûnderfining hat. Se nestelje har as in pear sifertske katten op de trijesitsbank en stekke daliks fan wâl. Jelle sjocht helpleas om him hinne. Op it skerm wurdt krekt in doelpunt makke. 1-0 foar Arsenal. Mar it giet oan Jelle foarby. Hy sjocht hoe’t Sikke it him noflik makket tusken de beide dames yn. It is krekt as lit dy hûn him yn ’e steek. It swit brekt Jelle út, it is hertsje simmer, mar it fielt oan as stiet de ferwaarming op 30 graden.

As de ljochtste fan de twa op him ta dunet en him sêft nei de bank meitroait, kin er gjin wjerstân mear biede, hy jout belies, like weak as Sikke. Jelle fielt in hân oer syn rêch hinne en wer striken. It oare frommes núnderet him wat ûnfersteanbers yn it ear en stekt dan de tonge deryn. Jelle is ferlamme en fielt him as in skipbrekkeling yn in woeste see, oerlevere oan ’e eleminten. Dat Arsenal op ’e telefyzje der 2-0 fan makket, ûntgiet him finaal. Hy wol wol oars, mar tsjin safolle natuergeweld is er net opwoeksen en dan lit Jelle him warleas en betiisd yn syn lusten de brede wei opliede. Sikke rint stil nei syn koer, hy wit syn plak.

It trajekt op ’e brede wei is net lang, hiel koart sels. It skelle lûd fan de foardoarbel skuort Jelle yn ien amerij wer yn it lân fan de libbenen. De beide eskortharten triuwt er mei ien raam fansiden en hy stoot nei de hal. Hy kipet, alhiel oerémis, troch it stikje fitraazje dat foar it smelle rútsje hinget. Hy kreunt sêft. Noch in frommes! Hy stroffelet werom nei de keamer en fersiket de beide froulju mei klam om op te hoepeljen. Dy fersteane de posysje fan Jelle en bringe alles wat syn wrâldsje it lêste healoerke yn oerstjoer brocht hat wer op oarder. It brodzich kertierke lâns de brede wei kostet Jelle noch wol efkes 100 euro. Sa profesjoneel binne de dames wol. Hy leit yn eltse hân dy’t nei him útstutsen wurd in briefke fan 50 euro. Dan giet de bel nochris. De froulju steane achter him as er de doar iepen docht. “Goeie,” seit it minske dat op ’e stoepe stiet, “ik bin jo kontaktdame fan tsjerke. Skikt it jo efkes in healoerke?” Jelle kreunt. Kontaktdame! As se de beide froulju stean sjocht wol de frou fan ’e tsjerke har ferûntskuldigje, mar Jelle triuwt de beide froulju derút en lûkt har yn ’e hûs en docht gau de doar ticht. “Minske,” seit er, alhiel ferromme, “jo komme as roppen. Ik hie oars net witten hoe’t ik fan dy jehova’s ôfkomme moatten hie.”

It is noch in gesellich oerke wurden. It minske wie wei fan Sikke. Sikke ek fan har. Jelle wie al bliid dat it hûntsje net prate koe. It waard noch 3-2 foar Bayern München.

Inne Bilker

jannewaris 8, 2022 11:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.