Jan Schokker: Oaljefervefûgel

jannewaris 22, 2022 07:24

Kollum

Twa jier lyn, doe’t ik noch skitende benaud wie dat in tefolle oan lege oeren myn pensjoenlibben foar de tiid útputte soene, joech ik my op foar in skilderskursus. Dat dy troch ien of oar firus útsteld waard, wie yn earsten net sasear in persoanlike ramp, want foarearst hie ik genôch om hannen. Mar doe’t it in pear moanne lyn safier wie dat de earste les der omtrint oan siet te kommen, waard it tiid om my as tarieding ris mear yn de skilderkeunst te ferdjipjen. Tekenje haw ik altyd wol dien, mar myn skilderakkefytsjes wiene wol fan hiel lang lyn.

Yn de tredde noch net útpakte ferhúskiste fûn ik úteinlik in doaze brûkbere oaljeferve fan fjirtich jier lyn. De bêste stikken karton wiene wer opdold út de papierkontener (sunichheid is eat dat ik fan ús leave heit meikrige haw), by de skoandochter skarrele ik in skoander skildersezel op en by de Action skafte ik foar in skaplik pryske in stikmannich nije kwasten en aardich wat tubes akrylferve oan. Alsa koe ik twa jier nei dato einlings los.

No haw ik net inkeld fan ús heit syn sunigens oererve, ek it soarte fan nayf optimisme fan nee hawwe en ja krije. Wy soargeleazen begjinne meastentiids maklik en mei genôch fertrouwen oan alles; wat wy  ûnderweis letter oan swierrichheden tsjinkomme wolle wy noch neat fan witte. Leare is dwaan en dwaan is learen, fouten meitsje is ommers gjin tiid fergriemen, no! Mar myn learjild moat op it lêst wol fertuten dwaan, want je binne sunich of je binne it net.

No moat ik sizze, it koe better mei myn skilderjen. De ferve bliek noch eigensinniger as de skilder sels. In fruitskaal, in âlde auto, in bosk, in fiergesicht mei in soarte kastiel, blommen en planten, moaie gebouwen, âld ark en fansels frjemde fûgels, alderhande ôfbyldingen fan ynternet haw ik al neiskildere. Want nettsjinsteande myn nayf optimisme en selsbetrouwen sûnder wjergea miende ik nammers dat ik wol deeglik al in bepaald gefoel foar skilderjen hawwe moast, ear’t ik echt oan myn kursus begûn.

En och, it liket sa handich, as de earste de bêste betûfte keunstskilder wat op it doek set. Wisse halen, alles daliks goed teplak, de hiele santekream kreas fan kleur en de krekte útdrukking fan materiaal en stof. Hoe krije se soks foarinoar? Sa besocht ik ús ûle Elske nei te skilderjen, mar allinne de foarm kaam in bytsje oerien. Ik besocht blêden oan in beam te krijen, mar it waard in skearkwaste mei in nuvere útslach fan in slimme sykte. In klaproas spatte spontaan op it doek útinoar en waard in reade lolly; de gevel fan in sjyk bûten like in attraksje yn Disney Parys. Dy misbaksels haw ik dus fuortdaliks wer wyt oerskildere.

Om de krekte kleuren te krijen is blinders gjin kataai! De kleur dy’t men delsette wol is finaal oars as dy op it prachtige kleurepalet fan de Action. No kin men ferven fansels minge, dat snap ik ek noch wol, mar dat is pas sinnich wurk! Sa besocht ik in ierappel te skilderjen, in readeftige. Mar hoe read is goed read?
‘Moai makke’, sei de frou, ‘dy reade biten. Wêr hast it wei?’

Soksoarte kommentaar kin men der yn sa’n learproses net te folle by ha. Ik net yn alle gefallen. Dy biten binne ek oerskildere. Ik haw der doe in sânkleurige iearappel fan makke en dy seach der al wat better út. It jutesekje, dêr’t de Bildtstar yn siet, like my ek hiel dekoratyf. Dat haw ik as eftergrûn by de ierappels skildere en dêrboppe, yn it tsjuster, in part fan it skilderij fan de ierappeliters fan sa’n eardere master.

Jopie Huisman! Ik betocht ynienen dat dy ea yn in fraachpetear fertelde oer it skilderjen fan in breiden broek. Hy hie it ‘breide mei it pinsiel’, sei er, en sa moat it fansels! Oars krigest nea dy gelikenis. Abe syn âlde Quick fuotbalskuon hat er skildere as in skuonmakker en dy âlde jas hat er weve fan triedsjes ferve. Sa moast it dus!

De frjemde fûgels dy’t ik allegear yn akryl of oaljeferve noch op doek sette sil, op foto’s besjoch ik fan tichteby de struktuer fan de flerken. Dat sil noch in hiele poepetoer wurde! Earst mar ris flink meters meitsje, hûnderten stikken karton, platen en doeken fol skilderje! Dus oare wike nei de kursus ta, de earste stippen sette dy’t net lykje op in slimme sykte. Dêr sil wis in tal trúkjes foar wêze en pas as ik dy net sa sunich ûnder de knibbel haw, sil ik mei al myn optimisme my dwaande hâlde mei de flerken fan alle frjemde fûgels om my hinne.

 

 

jannewaris 22, 2022 07:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.