James Webb-romteteleskoop hielendal útteard

jannewaris 10, 2022 08:17

De James Webb-romteteleskoop hat ôfrûne sneon in essinsjeel ûnderdiel iepenteard. It giet om in metershege spegel dy’t ljocht út it hielal opfangt. De teleskoop is dêrmei folslein útteard en kin oan syn missy begjinne: it ûndersykjen fan it ûntstean fan de earste stjerren.

James Webb-romteteleskoop (ôfbylding: NASA)

Op Earste Krystdei wie de lansearring en oardel wike letter koene it sinneskerm en ien fan de twa spegels al iepenklapt wurde. Sneon folge dan einliks it slútstik: de primêre fergulde spegel, dy’t troch wittenskippers ek wol ‘it gouden each’ neamd wurdt.

It apparaat hat noch sa’n 400.000 kilometer te gean en komt nei alle gedachten oer twa wike op syn bestimming oan. Foar’t de James Webb oan ’e slach giet, sil de teleskoop noch wol ôfkuolje moatte. It kin wol pas oer in wykmannich dúdlik wurde oft de James Webb yndie de bylden fan it hielal meitsje kin dêr’t op hope wurdt.

De romteteleskoop fan tsien miljard dollar is in prestiizjeprojekt foar NASA. De organisaasje ûntwikkele de teleskoop mei it European Space Agency (ESA) en de Canadian Space Agency. It enoarme apparaat is krêftiger as de ferneamde Hubble-teleskoop en by steat om ljocht fan stjerren en stjerrestelsels op te fangen, dêr’t trettjin miljard jier mei yn ’e tiid tebeksjoen wurde kin. Uteinlik moat de James Webb sels op syk gean nei spoaren fan de oerknal.

De teleskoop moat op syn minst fiif jier meigean, mar om’t er nei de lansearring net folle branje ferbrûkt hat, wurdt dat nei alle gedachten mear as tsien jier.

Sjoch ek: www.itnijs.frl/2022/01/romteteleskoop-noch-trije-wike-underweis.

Besjoch in film fan de lansearring:

Besjoch in film fan it úttearen fan de grutte spegel:

jannewaris 10, 2022 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.