Jabik van der Bij: De nije klean fan de keizer

jannewaris 19, 2022 08:27

Ynstjoerd

Earmoed. Boarne: pixabay.com

Der is rûnom in protte omtinken foar earmoed yn ús lân. As wy ôfgean kinne op it Planbureau voor de Leefomgeving wurdt de kliuw tusken ryk en earm hieltyd grutter. In protte minsken moatte op ’e dûbeltsjes passe omdat se oars de ein fan de moanne net helje. It stiet yn skril kontrast mei de lju dy’t by ’t simmer op harren grutte fakânsjejachten by ús foar de doar lâns farre.

De earmoed wie justermoarn it haadartikel by Omrop Fryslân. Nei noch wat oare ‘nijtsjes’ gie de Omrop fleurich fierder mei de Kuierbosk, dat Ljouwert yn it ramt fan it erfskip fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân kommende maitiid opfleurje moat. Hoefolle fan dy nijslêzers of harren harkers soene derby stilstean dat it kontrast wol tige grut is tusken dy twa berjochten? Hoefolle minsken freegje har ôf oft dy kuierbosk wol passend is yn dizze tiid, no’t in protte minsken it krap ha, of noed ha oft se harren saak noch boppe wetter hâlde kinne?

Guon sille fuortendaliks roppe dat dat fragen fan in kultuerbarbaar binne. Boppedat Joop Mulder silliger hat it ommers betocht. By kultuer meie we gjin fragen stelle. Al hielendal net oer de kosten dy’t deroan fêst sitte. Mar ja, dat wie ek sa yn it mearke ‘De nije klean fan de keizer’. Dochs de fraach: moat dat getôch mei dy tûzen beammen troch de stêd no sa nedich? Mear beammen yn de stêd? Altyd dwaan, mar set se dan fuort teplak. Folle net genôch, mar hâld op om dêr in kultuerflueske oerhinne te lizzen.

Wat it kostet is my net bekend, mar dat it hannen fol jild kostje moat is wis. Tagelyk hat de itensbank oanhâldend ferlet fan jild. De keunstner laket yn ’e fûst. Hy stiek de Friezen ek noch efkes in fear yn ’e broek: “Dit kan alleen maar in Friesland” of sokssawat wie syn sizzen.

jannewaris 19, 2022 08:27
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 jannewaris 24, 14:12

    In hûs oan it wetter om al dy jachten te sjen is grif ek net goedkeap. Kinst it hûs ek ferkeapje en de opbringst donearje.

    Kinst trouwens frij maklik in oanfraach dwaan by de itensbank. Mei it kompjûterprogramma Photoshop kinst ienfâldich salarisstroken en bankôfskriften ferfalskje. Hahaha

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.