Iisteltsjes fan eartiids (ferhaal)

jannewaris 22, 2022 07:01

Boarne: Heerenveense Koerier

Dizze teltsjes geane oer de koartebaanwedstriden fan eartiids. Spitigernôch binne dy wedstriden op har retoer. As der wer ris in winter is, komt der gauris in wedstriid tusken iisklups om te sjen wa’t it earst in maratonwedstriid organisearje kin.

Friezen wiene eartiids net sa tuterich útfallen, dat is te sizzen yn it iepenbier net. Yn de fjirtiger jierren fan de foarige iuw barde it yn Lippenhuzen dat dejinge dy’t yn de lêste rit de earste priis wûn, fan in kollega in dikke tút op it wang krige. Samar midden yn it folk. Dêr waard nuver fan opsjoen. Op de kampioensriderij foar froulju yn Grins krige de priiswinster in tige sportive tút fan in Grinzer rydster. Dat is no al mear as santich jier lyn. Yn de tsjintwurdige tiid sjocht men dêr net mear fan op.

Minsken binne der yn soarten. Sa wie der in famke út de Trynwâlden dat steefêst in fleske mei sterk spul by har hie en sa no en dan, foardat se yn ’e baan moast, in slokje naam. “Ik moat wat ha”, sei se dan, “dat ferset de sinnen wat.”

Oene de Vos, in ferneamd hurdrider, hat meidien oant syn plasse keal wie. Doe’t er wer ris in earste priis wûn, makke de boargemaster op de priisútdieling de opmerking dat de fokse syn hierren ferlear, mar net syn streken. It soe miskien op syn iisstreken slaan!

Rinse Wester út Earnewâld ried ris yn Balk. Op de list stie ek in De Vreeze út Bakhuzen. Dat wie dêr dé man. Wester en De Vreeze kamen op ’t lêst tsjininoar út. Doe’t it safier wie, ried Wester de baan op en hy hearde krekt dat ien oan De Vreeze frege: “Tsjin wa moatst aanstens ride?” “Tsjin sa’n reidmosk út Earnewâld”, wie it beskied. Dat knope Wester him yn ’e earen. Hy sette alles op alles. It foel baas De Vreeze net ta en Wester ried him yn twa lopen derôf. Doe waard De Vreeze op it skouder tikke: “Wat seist no fan dy reidmosk?” Mar de Vreeze wie takocht en joech him ôf.

Martha Hemminga wie yn har tiid ek wiid ferneamd. Se wie in feardich sterk famke en hie hiel wat wurk ferset, net allinne yn har famkestiid mar ek yn har trouwen. It wie in stoere boeredochter. Se sjoude mei gemak sekken moal nei boppen. Yn har gloarjetiid as hurdrydster hat se op De Gordyk ris riden tsjin in Glasz, de priiswinner fan de manljusriderij. De earste wedstriid yn de wyn op wie foar Glasz, de twadde waard kamp en de tredde wûn Martha. Doe hie Glasz der genôch fan, hy leaude it wol.

Martha had it alris hân dat se al mei de priis yn de trein siet foardat de riderij ôfrûn wie. Dat siet sa: it wie yn Noard-Hollân, dêr’t se net te let wer wei moast, omdat se oars net wer thús komme koe. Doe joech se har tsjinstander fiif meter foar en dochs wûn se. Sa krige se de earste priis wylst de premys noch ferriden wurde moasten. Yn sokke gefallen moast men wol goed yn eigen krêften leauwe. En it iisklupbestjoer skynde oertsjûge te wêzen fan it kinnen fan sa’n rydster.

Sokke staaltsje wiene der wol mear. Jitske de Boer hat yn Kampen ris tsjin in man riden. Dêr waard om wedde; dejinge dy’t it wûn krige fiif gûne en de ôffaller in ryksdaalder. Jitske krige de fiif sulverlingen.

It like dat se op de doarpen meastal wol aardichheid oan soksoarte krêftmjittingen hiene. Jitske hat ek ris meiriden yn Bergambacht yn Súd-Hollân. Letter kaam der yn in herberch yn Gouda praat fan en doe koene in stikmannich stamgasten it net iens wurde oft Jitske ûnder it riden op de baan har rokje útlutsen hie of dat se dat op de bûtenbaan dien hie, dus bûten de wedstriid. Se wedden om acht fertarringen en de kroechbaas skreau oan Jitske oft dy sa goed wêze woe om harren út ’e dream te helpen en dus… oan in slokje. “Het is maar een aardigheid en wij hopen dat u het ons niet kwalijk neemt dat wij de vrijmoedigheid hebben u als scheidsrechter in ons geding op te roepen.” Hoe’t it ôfrûn is, is net bekend.

Boarne: Reedridersmuseum Hylpen

Ike Nienhuis út Makkingea wûn ris in priis yn Nieuw-Weerdinge yn Drinte. Se liet har yn it Oertsjongstersk sa út: “Ik kan niet goed op dreef kommen as ik gien starke tegenstander heb. As et gaot om de snelste baene, moet ik tegen un man riden.” Dat wie fansels net foar dôvemansearen sein. It bestjoer fan de iisklup hie der fiif gûne foar oer as se har tiid ferbetterje soe. De hurdste rider út dy hoeke wie ree om it tsjin de fûleindige rydster op te nimmen. De striid gie oan. Ike koe it tsjin de man net hâlde. It skeelde net folle, mar har tiid ferbettere se wol. It wie doe in bêste prestaasje. De Fryske namme hie se heech holden.

Hillebrant Rudolphy moast yn 1918 opkomme foar it leger en yn de winter dêrop koe er fan de hege omes gjin permisje krije om te riden. Doe is er der in kear stikem útknypt om mei te dwaan oan in riderij yn Appelskea. Hy fielde him op de baan al net sa bêst op syn gemak, want hy miende hieltiten dat de plysje op him loerde, mar dochs slagge it him om de priis fan 25 gûne te winnen. Dat pryske koste him 14 dagen straf.

In jongkeardel út de Boppeknipe, Foppe Brouwer, hat yn Skerpenseel as jonge in gouden horloazje wûn, sûnder dat er ek mar ien rit tsjin de wyn op wûn hie. Dêr kaam fansels in bytsje taktyk by te pas. It wie in fikse rider, mar yn ’e wyn op woe it nea net goed. De beslissende ritten nei it doarp ta moasten wûn wurde en dan hiene se it foar de wyn. Wat die er dus? De ritten yn de wyn op die er kalm en foar de wyn sette er him te skrep en dan koe er syn tsjinstanner wol oan.

Noch in ferneamd rider út de âlde tiid: Atse de Groot. ‘Reade’ Atse wie in sterke bûst, dy’t stikken noch dea koe. Hy kaam ornaris yn in blaubaaien ûnderbokse en in read wollen himd yn ’e baan. Hy ried meastal krekt sa hurd dat er syn tsjinstanner justjes foar bleau; as er dan op ’e ein fan de baan wie, rôp er gauris: “De reade hat him al.”

Noat: De winner fan it gouden horloazje, Foppe Brouwer hie letter in boubedriuw op de Boppeknipe. Yn 1957-58 ha ik dêr in pear jier as learjonge wurke.

Dizze teltsjes komme út: Ut ’e lapekoer fan D.M. van der Woude (1971). Neiferteld troch Jangerben.
jannewaris 22, 2022 07:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.