Hoe’t it komt dat Nederlân der yn in moanne tiid 120 tûzen wurkleazen by krige hat

jannewaris 20, 2022 09:36
Foto: Unsplash

Yn novimber ferline jier sochten neffens it CBS 251 tûzen minsken yn Nederlân om wurk. Yn desimber wiede dat hast 120 tûzen mear: 369 tûzen. Binne der yn in moanne tiid safolle banen ferlern gien?

It is wier: yn ’e lânbou, yn de bou en yn ’ e hoareka binne in protte banen ferdwûn. Dy foarmje lykwols mar in lyts part fan ’e ferklearring. De wichtichste oarsaak fan it hurd oprinnende sifer is dat it CBS ferplichte wie om de wurkleazens op in oare wize te berekkenjen.

De Europeeske Uny skriuwt foar dat alle lidsteaten it tal wurkleazen tenei berekkenje oan ’e hân fan in enkête. Earder brûkte it CBS ek wol enkêtes. Dy hie it sels makke en dy’t efkes gjin wurk hie, koe oanjaan hoe fluch oft er sels tocht dat er wer oan it wurk koe. As dat binnen fjirtjin dagen wie, waard er net as wurkleas registrearre.

De nije EU-enkêtes hawwe oare fragen en antwurden. No moatte minsken oanjaan oft se wol of net binnen fjirtjin dagen wer oanslach ha. Dy’t dêr net wis fan is, moat ‘nee’ oankrúskje. In protte minsken dy’t gjin hurde tasizzing hawwe op in nije put wurde no dus as wurkleas registrearre, wylst hja nei alle gedachten al fluch de trie wer opkrije kinne.

Troch de nije manier fan mjitten giet it persintaazje fan ’e beropsbefolking dat gjin wurk hat fan 2,8 nei 3,8 persint. Dat is noch altyd net heech, foar Nederlân sels net en ek net as men it persintaazje mei dat fan oare Europeeske lannen ferliket.

Nuver genôch is net allinne it persintaazje wurkleazen omheech gien, mar ek it persintaazje minsken mei betelle wurk. Dat komt trochdat neffens de nije telwize staazjerinners dy’t in fergoeding krije ek meitelle. Foarhinne wie dat net sa. Yn novimber wiene der yn Nederlân 9,2 miljoen minsken mei betelle wurk, yn desimber 9,4 miljoen.

jannewaris 20, 2022 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.