Henk Wolf: meartrime, measttrime

jannewaris 14, 2022 20:12
Foto: Kenn W. Kiser (Morguefile)

Yn de foarbije iuw is de wurdskat fan it Frysk aardich útwreide om it geskikt te meitsjen foar domeinen dêr’t it earder amper yn brûkt waard, lykas polityk en wittenskip. It doetiidske taalburo fan ‘e Fryske Akademy hat dêr yn de persoanen fan Rienk de Haan en Jarich Hoekstra in protte oan bydroegen. Ik wit net hoefolle fertuten oft harren saneamde elaboraasje fan it Frysk dien hat foar oare wittenskippen, mar der is ien wittenskip dêr’t it Frysk noch folop yn funksjonearret en dêr binne guon fan dy nije wurden ek sa libben as in hert. Dy wittenskip is de taalkunde.

Op gearkomsten fan it taalkundich wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy, op de jierlikse filologekongressen (dy’t sûnt in pear jier Conference on Frisian Humanities hite), yn kolleezjes op de RuG, NHL Stenden en de UvA en yn it tydskrift Us Wurk litte taalkundigen geregeld yn it Frysk witte wat se by de ein ha, wat se ûntdutsen ha, hoe’t se ûntdekkingen ynterpretearje, wat se fan in oar syn ûntdekkingen en ynterpretaasjes tinke en wat de stân fan saken yn ‘e wittenskiplike diskusje is.

Heel min is dat net, mar it hat better west: de tydskriften It Beaken en Tydskrift foar Fryske Taalkunde besteane spitigernôch net mear, dat wa’t yn it Frysk oer wittenskiplike taalkunde publisearje wol, hat hjoed wat minder karút.

Hawar, dat wie in protte achtergrûn om ta de saak te kommen. It giet my der yn dizze rige om dat ik wurden besprek dy’t de wurdboeken net helle ha. Twa fan sokke wurden binne meartrime en measttrime. It soe my net ferwûnderje as dy wurden út de oven fan it taalburo komme, mar yn de wurdboeken steane se net.

De meartrime fan grut is grutter, dy fan goed is better en dy fan graach is leaver. As measttrime ha dy wurden grutst, bêst en leafst. De Latynske termen binne comparativus en superlativus. Op syn Hollânsk wurdt vergrotende trap en overtreffende trap sein.

It is skande as sokke wurden inkeld mar by tafal ris oppikt wurde troch ien dy’t in soad taalkundige stikken lêst. Moaier soe it wêze as se yn de wurdboeken stienen. Dan kin bygelyks ien dy’t in skoalboek skriuwt se ek fine en brûke.

jannewaris 14, 2022 20:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lb jannewaris 14, 21:06

    Én yn de nije Frysker.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.