Henk Wolf: Lutser

jannewaris 7, 2022 07:28 Fernijd

It is in raar wurd, yn twa opsichten: it is in skelwurd en it sit nuver yninoar. Ik haw it oer lutser. In protte minsken hawwe it tink wolris heard, ik wol leauwe dat it al in skoft in frij gebrûklik Frysk skelwurd is.

De betsjutting fan lutser is frij faach: it wurdt allinne brûkt foar manlju en it is misledigjend, mar folle konkreter wurdt it net. Deselde dy’t sa neamd wurdt, kin wat misdien ha of in min karakter ha of ûnhandich wêze, of miskien gewoan wurkje foar in bedriuw dat de sprekker net sinnigje wol.

Ik tink dat lutser in as Frysk bedoeld wjerdgader is fan it Nederlânske rukker of it Ingelske wanker, wurden dy’t in lobjend manminske oantsjutte. It nuvere is lykwols dat it Fryske wurd makke is fan it mulwurd lutsen en net fan de stam lûk-. Men soe nammentlik lûker ferwachtsje.

Dat nimt net wei dat it diel is fan it Fryske rûchpraat en mei’t wurdboeken hjoed de dei gjin sedemasters mear binne, fertsjinnet it eins in plakje yn de neislachwurken fan de Fryske wurdskat. En om by it ûnderwerp fan sedemasterlike wurdboeken te bliuwen: Anne Dykstra hat in skoft sa’n moaie rubryk oer fize wurden skreaun foar de Ljouwerter Krante. It soe wol heel moai wêze as syn hele gearring ek in plakje yn de wurdboeken krige.

jannewaris 7, 2022 07:28 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.