Henk Wolf: Himmeldersguod

jannewaris 4, 2022 16:53

Yn dizze rige oer wurden dy’t ûntbrekke yn de Fryske wurdboeken, moat himmeldersguod wis neamd wurde. Dat is neffens my in heel gewoan, deistich wurd en it liket my hast in flater ta dat it yn de wurdboeken net opnaam is.

Apart genôch wurdt it wurd al brûkt yn de omskriuwing fan it wurd ammoania op Frysker.nl. Dat wurdt definiearre as: “sterk rûkende oplossing fan ammoniak yn wetter, brûkt as himmeldersguod”.

It soe kinne dat de wurdboekmakkers himmeldersguod as in trochsichtige gearstalling beskôgje: dêr binne safolle fan, dy kin men gewoan net allegear opnimme. Tagelyk: himmeldersguod hat wol in sadanich eigen betsjutting dat it eins wol yn wurdboeken thús heart. Klean dy’t je oanha by it himmeljen of it guod dat himmele wurde moat, hearre der bygelyks net by. By my betsjut it wurd yn it foarste plak de stoffen dy’t smoargens ferwiderje of dy’t it ferwiderjen fan smoargens makliker meitsje, lykas sjippe, bleekwetter en alkohol.

Opfallend is dat ferlykbere gearstallingen mei -guod wol yn de wurdboeken steane: smokersguod, rûkersguod en boartersguod steane allegear wol op Frysker.nl, de lêste twa ek yn it WFT.

jannewaris 4, 2022 16:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Bakker jannewaris 5, 09:08

    Wat fynt H fan de Frysker sa’t er no lansearre is?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.